Weppers freed 9-1

Weppers tongersdei 8-1
7 januari 2015
Weppers snein 11-1
10 januari 2015

OFK (5)
Moarn binne de finales fan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) yn Frjentsjer. Spitich genôch dit kear
gjin teams fan SDS yn de finaleronde. Je moatte somtiden in bytsje gelok hawwe.
SDS 1 seal ûntbruts it yn 2004 yn elts gefal net oan gelok en wûn doe it OFK yn it FEC (doe noch Midwintercup). De lotting sie ’t net mei, mar yn de wedstriden wat mear. Sy moasten yn de finales efterienfolgens toppers as Futsal Heerenveen, Avanti en Comme Ci Comme Ca foarby, mar alles slagge dy dei.
By de froulju gie doe de winst nei ONS wêr ’t de trainster fan SDS C1, Akke Rixt Zysling, meidie. Sjoch
hjir.

SDS 1 seal ûnderút op it OFK
Ek justerjûn koene jim op Twitter de útslaggen wer folge. No troch ús twitterkorrespondint Popko.
SDS – Blauw Wit seal 1-2
SDS – Drs Vijfje 1-1
SDS – GAVC 2-1
SDS – Futsal Marrum 0-4
SDS – WPB fjild 2-0
Foar de earste wedstryd siet it SDS al net hielendal mei. Sa moasten op it lêste momint keeper Jan-Simon Jelsma en Robert Sybesma ôfheakje. Lokkich waarden der knappe ferfangers fûn mei Sjoerd van Beem en Jacob-Klaas Haitsma. De earste wedstryd mocht SDS lyk fol oan de bak tsjin Blauw-Wit zaal. De wedstryd gie lyk op al hienen de Ljouwerters mear balbezit. Twa knappe aksjes soargen foar de 0-2 en de 1-2 fan Willem feroare hjir net folle oan. Tsjin Drs. Vijfje moast wûn wurde om sicht te hâlden op de folgende ronde. Drs. Vijfje fuotballe, mar krige gjin kânsen. Harm makke de 1-0 en SDS krige kansen op 2-0. 3 minuten foar tiid waard it dochs 1-1. GAVC mocht gjin problemen opleverje en SDS stie troch Peter al gau mei 1-0 foar. De 1-1 foel wat lokkich, mar Tsjipke koe der 2-1 fan meitsje. Tsjipke miste ferfolgens in penalty en it waard suver noch dreech. Om hjirnei kans te hâlden op in plakje yn de finaleronde moast der fan Futsal Marum wûn wurde. No ’t Peter blesseard rekke wie moast dit mei in wiksel minder. Feite krige de kans op 1-0, mar miste syn penalty ek. Doe ’t dêrnei 2 minuten mei in man mear net troch SDS skoard wurde koe foel de wedstryd de oare kant op en wûn Futsal Marum terjochte mei 4-0.
Foar de statistiken noch efkes in derby tsjin WPB fjild levere noch in 2-0 oerwinning op troch goals fan Peter en Willem.
Al mei al mocht der tefreden werom sjoen wurde op de 7 behelle punten yn dizze drege poule. Al bliuwt der djip ergens in gefoel dat der mei in bytsje gelok dochs in bytsje mear ynsitten hie.
Blauw-wit zaal en Drs. Vijfje geane troch nei de finaleronde sneon yn De Trije.

Mar……….
Lokkich genôch hawwe wy de foto’s noch……….(klik
hjir).


De Tichelmannen wol troch op it OFK
Sawiesa is it moarn wol efkes de muoite wurdich om by de finaleronde fan it OFK te sjen. Dêrneist hawwe de âld-SDS’ers Freek en Jehannes Tichelman harren tiisdeitejûn mei Knickerbockers al pleatst foar de finaleronde. Sy spylje moarn yn in poule mei GAVC veld 1, Mulier en Leovardia sneins.

Ferkearde sjaal


Hij twifele wat om de foto fan dizze sjaal yn te stjoeren. En wij begripe Remco Bervoets wol. Op Wembley der bij wêze yn 2011 tidens the European Cup Final tusken dizze twa grutte klups, mei in geweldich oantinken thús komme, de bylden fan de wedstriid, de sfear en de sjaal en dan no dat “ding” ynstjoere as ferkearde sjaal.
Wij behannelje dizze sjaal mei respekt, mar neffens de noarm fan kollumnist Sjoerd Mossou is ek dizze ferkeard
. Lit ús mar sizze in hiele moaie, bijsûndere ferkearde sjaal.

Efkes Balje
It soe samar kinne dat der jûn ek Efkes Balle wurdt. De wyn is yn alle gefallen gjin opstakel. Sydwyn, yn é wyn, foar de wyn, wynpûsters, de wyn fan foaren, it sil harren net deare. Wij binne benijd ….

SDS-Sealtoernoai
Op sneon 24 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. Ek âld-SDS’ers binne wolkom.
It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Moarn mear oer it opjaan hjir foar.

Klaverjasse
Op freed 16 jannewaris organisearet SDS yn gearwurking mei de KF in klaverjastoernoai yn de fuotbalkantine. It begjint om 19.30 en der sille 3 bomen klaverjast wurde. De organisaasje is yn hannen fan Sipke Hiemstra en Oebele Anema. It doel is om op dizze manier alfêst wat ekstra ynkomsten foar de Skoalleseize te krijen foar û.o. it nije keunstgêrsfjild.

Skjinmeitsje
Wij freegje noch efkes bysûndere oandacht foar kommende sneon at it foarjier troch it kantinegebou wierret. It grutte skjinmeitsjen: at der no safolle mooglik minsken efkes meidogge dan sjocht er jûns wer spicenspan út. Sjoch 
hjir foar it opjaan.

Harsens derby (1408)
En dêrom sjocht ien fan de wepmasters no al út nei de finales fan it OFK yn Frjentsjer. Al is SDS al útskeakele…..