Weppers freed 8-7

Weppers tongersdei 7-7
7 juli 2011
Weppers sneon 9-7
8 juli 2011

South-Park SDS’ers(5)
Wy hawwe juster alwer 5 nije South-Park SDS-popkes binnenkrigen, dus dat giet sa moai as wat. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Hendrik de Jong makke foar ús 4 prachtige SDS’ers. Hjir de earste en yn ús eagen ien fan de moaiste oan ’t no ta:

Dit moat SDS-supporter Drees Haitsma wol wêze.

Bekeryndieling
De kompetysje-yndielingen fan de net standaardteams is noch net bekend, mar de KNVB kaam hjoed al mei de bekeryndieling fan de standaardteams. SDS 1 sit yn poule 11:
1 SDS 1

2 Bolswardia 1

3 Wykels Hallum 1

4 Birdaard FC 1


Nije seleksjes
Wy hawwe ynmiddels de nije yndielingen fan de senioarenseleksjes binnen en hoopje dy begjin nije wike hjir op de webside te hawwen. De jeugdyndielingen binne noch net by ús bekend.

Geert
Wij krigen in tige brûkbere tip fan Ane Beuckens fan Spannum. Hij seach Geert Dijkstra yn in skitterjende rol as entertener. En dat dêr bylden fan binne jout ús de gelegenheid jim oandacht te freegjen fan Geert tidens de doarpsfeesten yn Winsum. Oftewol “Lytse Liuwe”: sjoch
hjir.

MFT
MFT is in ôfkoarting fan in “beweging” yn Easterein dy’t dwaande is mei it oanlizzen fan in terrein bij de sporthal wat oeral foar brûkt wurde kin. Sij hawwe no in twadde nijsbrief útbrocht en jim kinne it
hjir allegear lêze.

Frjemd
Fremde minsken dêr yn de sânbaklannen. No wolle se iets ynfiere wat hjir allang is. Of komt der dan noch in helte bij. Sjoch
hjir.

Grapkes
Nei it stadion lijen yn Enschede kinne de grapkes fansels net útbliuwe oer Twente. Sommige binne hielendal net leuk mar dizze kin der op troch.
“Bij Twente giet bij it twadde plakje it dak der ek al ôf”.

WK-ferslach
It ferslach fan it WK fan juster komt it wykein miskien wol.

Harsens derby (513)
Toet, toet!