Weppers tongersdei 7-6

Weppers woansdei 6-6
5 juni 2012
Weppers freed 8-6
7 juni 2012

Lokwinsken
De lokwinsken binne hjoed foar Tjeerd de Vries en Gerben Gerbrandy. Tjeerd út Wommels wurdt 19 jier en Gerben út Reahûs hat syn earste krúske ek te pakken.

EB
De letters EB steane foar Efkes Balje. Dat is in soarte mei balbewegingsterapie op freed foar minsken dy oare dagen net oan it moaiste bewegen wat er is takomme: fuotbalje.  It ritme fan alle wiken is wat fersteurd. Ferline wike de wedstriid fan SDS 1 op freed en no it feest yn Wommels op freed.
Dat wurdt in probleem om der 12 man/frou te krijen yn de wittenskip dat der ûnder de freedbewegers ek noch al wat feestbisten sitte. Hawar, it is dus net oars: beweging moat op dizze freed earne oars socht wurde.
It Efkes Baljen moat mar net troch gean. Wij wolle de feesten fan Wommels ek net yn it paad stean.  Sjoen it feit dat it WK ek wer úteinsetten, is it foar sommigen fêst gjin probleem. Se kinne tongersdei fêst wol efkes meidwaan. 

Tiid is tiid
Noch ien dei en dan is te let om mei te dwaan oan de SDS- Ek poule. Wij witte út erfaring dat at de formulieren ynlevere wurde moasten dat wij de helte twa oeren foar de slúting krigen en soms sels iets letter.
Wij strutsen de hân oer ús hert en lieten elkenien meidwaan sûnder de smoezen te takseren op it wierheidsgehalte. De earste twa wedstriden misten wij altiten omdat al “ferekte”formulieren noch ynfierd wurde moasten.
No kin der gjin smoezen mear brûkt wurde. Tiid is tiid. Dus gean der noch efkes foar sitten en gean de striid oan mei dy oare 41 dy’t harren al opjûn hawwe.
Sjoch
hjir.
Oh ja: wij soene dizze kear de iepeningswedstriid ek sjen kinne.

SDS 2 derop út
De mannen fan SDS 2 hienen foarige wike sneon harren jierlijkse útsje en gienen nei Ljouwert. Sy fermakken har dêr poerbêst. Sy kamen sels noch efkes op de tillevysje. Dat SDS 2 dit seizoen degradeard is wie oan neat te merken(sjoch 
hjir fanôf 1 min. 48)

Midsimmercup
Foar lju dy ’t net sûnder fuotbaljen op sneon kinne is der sneons noch wol in alderaardichst toernoai. Yn Dronryp wurdt dan wer de jierlijkse Midsimmercup organiseard. It begjin om 10.00. Foar wa ’t nei de tiid hingjen bliuwt kin om 18.00 dêr ek Nederlân – Denemarken sjen.

Oerskriuwe
De KNVB hat de regels foar oerskriuwen mar wer efkes publisearre. Dan kin dat gjin misbegryp jaan. Sjoch
hjir.

Harsens derby (780)
Machtich!