Weppers tongersdei 7-4

Weppers woansdei 6-4
5 april 2011
SDS League: FC Waaksens boppeoan!
7 april 2011

Gatske draait kommende sneon lêste kantinetsjinst!
Nei 30(!) jier is it dan safier: Gatske hâldt der mei op! Mar leafst 30 jier hat se har plakje mear dan skjinmakke achter de bar.  Oait begongen yn de âld keet, wêrby de oaljekachel smûk rikke en der noch gewoan rookt wurde mocht. Letter yn de tydlike kantine wêr’t no de opslach is en sûnt de bou fan de nije Skoalleseize noch altyd yn it spier. Mar no is’t moai west aldus Gatske en jou har ris ûngelyk! Wat in frijwilliger!
Wolle jim noch ien kear in bakje by har helje; kom gerust del! No sneon dus.

Gatske Hiemstra sneon foar it lêst efter de bar. 

Seleksje SDS DA2
Jûn om 19.30 spilet SDS DA2 in ynhelwedstryd út tsjin JV Bolsward DA2. Dit is de seleksje fan SDS DA2:
Amarins, Anna Marijke, Antje, BW, Geartsje, Joutzen, Margiet, Hester, Nynke, Susan, Sietske, Tineke, Sascha, Sanne Rixt, Jildou, Tarina, Mette en Marije de Vries. 
Hotske en Chrissie begjinne op de bank.

Trainen A- en B-seleksje

De a–selektie traint in zijn geheel om 20.15
De b–selektie traint om 19.00 gezamenlijk
Johan


Seal: SDS 1 wint op ‘e nij
SDS 1 hat juster mei 5-3 wûn fan De Harkema 1. De SDS’ers hienen harren goals moai ferdield. Sawol Tsjipke, Freek, Feite, Anne as Willem skoorde. Jelle de Boer keepte op ‘e nij knap. Wytze siet blesseard op de tribune.

Kom op!
Wessel Wijnja fan F2 wit al in bytsje wer it om draait by it fuotbaljen. Dit ropte der op trainen tsjin ien fan syn team; “Hé, je moet je handen uit de bûse doen”.

Super!
Dy goal fan Theo Janssen tsjin PSV wie manjefyk, mar dizze fan Stankovic ôfrûne tiisdei mocht der ek wêze(klik
hjir).

Harsens derby(441)
Manneleafde is ek leafde……