SDS League: FC Waaksens boppeoan!

Weppers tongersdei 7-4
7 april 2011
Weppers freed 8-4
7 april 2011

Ferline kear sieten wy der aardich nêst. It wienen hielendal net Bauke Dijkstra en Feite de Haan dy ’t de wykpriis pakten mar “Ho,ho hâldt de ko!” fan de froulju fan SDS DA2. Lokkich wie Paul Reitsma sa skerp om ús hjirop te wizen.

It is dizze wike net Christian Hoekstra, mar Immie Kamstra dy ’t mei “Team Wajak” de wykpriis pakt. Sy bliuwt “Anne Steen op nummer 1” krekt 2 puntsjes foar.

Jan Mulder rint mei “FC Waaksens” út op ferline wike noch mei-koprinner Marten Faber. Jan stiet no 6 punten foar.

Gearard Posthumus pakt dizze wike mei “Tiki Tiki,Tumba” ferrassend mar leafst 46 punten. Soe hy Geert-Arend Roorda ek yn syn team hawwe?

“Tweety”(Willem Twijnstra) nimt it lêste plak oer fan “The Butchers” fan Lolke Bouma. It ferskil is net grut, mei mar ien puntsje.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.