Weppers tongersdei 7-4

SDS DA Fizel aksje!
6 april 2016
SDS League: "Coolsingel nog in zicht!"
6 april 2016

Needgjalp foar fluitsjen 
Foar kommende sneon steane der 7 grutte fjildwedstriden op it program wêrbij eigen skeidsrjochters ynsetten wurde moatte. Dat bart net faak. It is lestich en dêrom dizze oprop: wa wol sneon de wedstriid fan SDS MC1 om 11.10 fluitsje of de wedstriid fan SDS C3 om 12.45? 

Please, asjeblyf, a.u.b. nim kontakt op mei Tjerk van der Pol.

Kantine
Fannejûn wurdt it wer in noflike jûn yn de kantine. Sytse Hibma stiet efter de bar en de Europa-League-kraker Borussia Dortmund – Liverpool is te sjen op it grutte skerm.

SDS 3 en 4 traine
SDS 3 en 4 sille jûn ek wer traine. Sy begjinne om 20.15 oere.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir jûn let op de webside.

SDS-dropaksje

It is tiid foar aksje! De SDS-dropaksje!
Dizze en nije wike kinne jim wer SDS’er(ke)s oan de doar ferwachtsje dy ’t drop ferkeapje. Je meie safolle drop keapje as je wolle!

Harsens derby (1701)
Wa wat bewarret hat wat………….