SDS League: "Coolsingel nog in zicht!"

Weppers tongersdei 7-4
6 april 2016
Seleksjes sneon 9-4
7 april 2016

Soe it dan dochs sa wêze dat der dochs noch in Feyenoorder in priis pakt dit seizoen?
It is Dirk Stegenga dy ’t mei “De Coolsingel nog in zicht” dizze wike samar efkes de kopposysje pakt. Mocht it sa bliuwe dan stiet
Dirk heechstwierskynlik wol allinnich op de Coolsingel………

Mei mar leafst 57 punten is it Gert-Jan Hessels mei “Geniet van het bier, Eeltje Postma” dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat dizze wike krekt 5 punten mear as “Marije &…………..Eeltje!” dy ’t de op ien nei heechste wykskore hawwe.


De wykpriiswinner en de koprinner fan de SDS-League tegeare yn de Kuip.

Anne Brouwer (“JelmaFem”) en Dooitze Nauta (“As ik der by bin dan winne SDS 1 en 2 altiten”) krûpe stadichoan omheech. Beide steane ynmiddels krekt yn de top 10.

Feiko Broersma stie foar it winterskoft noch in skoftke boppe-oan. No ek, mar dan sil je de list al op de kop hâlde moatte……. Hy nimt mei “GVR” it lêste plak oer fan “LVG Boppe” fan Halbe Willem Overal dy ’t dizze wike mar leafst 48 punten pakt.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 6.