Weppers tongersdei 7-10

Weppers woansdei 6-10
5 oktober 2010
SDS League: Ozzy pakt kopposysje!
7 oktober 2010

SDS 1- Minnertsga 1
Kommende sneon spilet SDS 1 tsjin Minnertsgea. In foarbeskôging fan dizze wedstriid kinne jim
hjir lêze. Mei tank oan voetbalnederland.nl. De wedstriid begjint ek dizze kear wer om 15.00 oere.

Seal: SDS 1 pakt earste 3 punten
SDS 1 is der juster yn de 4e wedstryd dan eindelijk yn slagge om ris te winnen. Op ‘e nij sûnder wiksels moast der no út oantreden wurde tsjin Haskerland 1. SDS stie mei de rêst mei 4-1 foar, mar sûnder wiksels is dat gjin garansje foar 3 punten. It like wer itselde te gean as foarige wike en binnen 10 minuten yn de twadde helte wie it alwer 4-4. Lokkich genôch koenen de mannen de rêch wer rjochtsje en makken sy der úteinlik sels 7-4 fan. Wytse(3x), Tsjipke(3x) en Willem makken de goals. Ruurd en Jaap foarkamen se.

Jelmer thús?!
Neffens ûnbetroubere bron is Jelmer Posthumus fannacht thús kommen út Afghanistan fan ferlof en kin Jaap de Blaauw jûn dus ien ekstra op trainen ferwachtsje. Of moat hy mei de B-seleksje meitraine?

Programma
Hjir kinne jim it folledige programma fine foar kommende sneon 9 oktober wat SDS-teams oanbelanget.

Skieds?
Ferline wike moast SDS 1 thús fuotbalje tsjin SC Veenwouden 1. De wedstryd waard lieden troch in frij jonge skiedsrjochter. De jongkeardel hie sein dat hy skiedsrjochter wurden wie om ’t hy as fuotballer altiten safolle giele en reade kaarten krige. Wy binne benijd wannear ’t André Vink Jaap Toering oansjit om skieds te wurden………….

Dit pak stiet Jaap ek net gek.

Skieds!
André Bons hat it sneon mar wer drok. Earst fluitet hy moarns om 10.15 in wedstryd yn Boalsert en dêrnei noch efkes yn Easterein om 12.30 SDS D2 – Mulier D1. Soe Bons as fuotballer yn it ferline safolle giele en reade kaarten krigen hawwe dat hy dêrom sneons 2 wedstriden fluitet?

Dizze snein: Rûnom Easterein!
Kommende snein is it dan alwer safier, dan wurdt de
8e edysje fan Rûnom Easterein ferriden. Fansels is
eltsenien fan herte wolkom om dit barren by te
wenjen. 
It programma sjocht der sa út:
• 13.00 oere; foar de dielnimmers: spagetty ite!
• 15.00 oere; start fytswedstriid
o 15.00 oere; Topklasse manlju
o 15.02 oere; A-klasse manlju
o 15.04 oere; Topklasse froulju
o 15.06 oere; Dikke-banne-klassen
Fansels is de koers ek wer live te folgjen fanôf de
brêge by Kafee Bergsma mei kommentaar fan ús
radioferslachjouwers Sjoerd van Beem en Tsjerk
Kooistra. 
Nei ôfrin fan it fytsen is der live-muzyk yn it
Kafee mei in hapke en in snapke. 
Oant snein! 
Út namme fan’e organisaasje,
Dirk-Yde

SDS League
De nijste stân fan de SDS League hoopje wy ein fan ‘e middei bekend meitsje te kinnen fia de webside en oars jûn yn de fuotbalkantine.

Hjerst

Tom ferwachtet dizze hjerst wol wat fan Feyenoord.
“Hoe hyt dy nije spits? Kastanjes”.

Antwurden VI-kwis
Ferline wike hienen wy hjir in VI-lookalike-kwis. No hjir de antwurden. Sommigen lykje wol in hiel soad op elkoar.

Harsens derby (309)
It is 0-0, blessuretiid, noch ien foarset, de bal falt op de 16-meterline, wat dogge je? Net te leauwen………