SDS League: Ozzy pakt kopposysje!

Weppers tongersdei 7-10
6 oktober 2010
Weppers freed 8-10
7 oktober 2010

It is fan ‘e wike hiel ferrassend “Ozzy”(Hendrik Eringa) dy ’t de kopposysje pakt. Hy is aardich konstant mei syn ploegje. Hy pakte de lêste wiken namelijk 47, 46, 48 en no wer 48 punten. Yn it Frysk Deiblêd fan 11 septimber waard al út de dûken dien hoe ’t Hendrik syn team gearstald:

“Nee, der moat mar net ien fan Feyenoord yn……..”

Gearard Posthumus pakt mei “De Avonturen van Siem en Luuk” de wykpriis mei 50 punten. It giet mar knap mei de “Posthumosken”. Earst pakt Appie de wykpriis, no Gearard en Jelmer is hjoed ek noch thúskaam. Wy binne benijd wat Arjan hjir tsjinoer sette sil.

“Sweinni” fan Bram van Beem is noch wat wisselfallich. Foarige wike noch de wykpriis en no sakket hy fan 6 nei 25 mei mar 22 punten.

“Spilie, Dûse, Sûpe” fan Arjen Los en E.T. hat de reade lantearn wer oernaam.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.