Befrijdingsweppers

Weppers tiisdei 4-5
4 mei 2010
Weppers tongersdei 6-5
6 mei 2010

SDS WK League 2010
It kommende WK sille wy ek wer in SDS WK League organisere. Hâld dêrfoar de SDS-webside yn de gaten.

Net traine
De boys weten het al als het goed is, maar als geheugensteuntje nog even voor de zekerheid!!!
D2 traint a.s. donderdag niet. 
Groet, Boudewijn.

Lêste kear traine en neikompetysje?
SDS 2 docht neffens bronnen mei oan de neikompetysje, mar sa ’t it no stiet traine sy moarntejûn om 19.00 foar it lêst dit seizoen.
It skema foar dy efentuele neikompetysje sjocht der sa út:
1e wedstryd 15 maaie
weromwedstryd 18 maaie
2e wedstryd 22 maaie
weromwedstryd 25 maaie
Finale 29 maaie

Lekker it mei ………..(2)
Ik seach op jimme side in stikje oer “Lekker ite mei…”
Op dit stuit is Skelte mei as begelieder fan de WilleWike (
www.willewike.nl). Hy hat tegearre my de bern hearlike sipelsop makke. Reitse kin ynkoarten wol mei de FUT. Sa as Skelte sei: “Lekker ite is in foarm fan gelok”. De bern fûnen it meitsjen moai, mar de smaak om te janken, of soe dat fan de sipels komt wêze? De foto is it bewiis. 
Groetnis,
Cees Visser


Dizze skelk(te) passet ús net allegear sa kreas…..

Harsens derby (209)
Anne Brouwer frege ús foarige wike as wy ek wisten wêrom as supporters fan Newcastle United foar de wedstryd faak ien skoen útdogge, dizze omheech hâlde en wat sjonge sy dêr dan by. Mei tank oan Jaap Toering binne wy der efter kommen. Dit sjonge se:
Stand Up
Stand Up If You Love The Toon
Stand Up If You Love The Toon
Stand Up If You Love The Toon
Repeat…
(Crowd stands up)
Shoes Off If You Love The Toon
Shoes Off If You Love The Toon
Shoes Off If You Love The Toon
Repeat…
(Crowd takes their shoes off)
In moai filmke koenen wy noch net echt fine, mar sa sjocht it der ûngefear út:



Letter mear!