Weppers tongersdei 6-1

SDS-froulju moarn op O.F.K.
5 januari 2011
Sneon nijjiersgearkomst en snertrin
5 januari 2011

Snertrin en nijjierssit
Kommende sneon is der wer de jierlikse nijjierssit fan SDS mei foarôfgeand de snertrin. Om 13.00 start de kuiertocht foar degenen dy ’t it rêstich oan dwaan wolle en om 14.00 starte de drafers. De A- en B-seleksje wurde yn elts gefal oan de start ferwachte en fierders is it foar eltsenien dy ’t SDS in waarm hert tadraacht. Om in oer as 15.00 stiet der hearlike snert klear. Fannemiddei kinne jim hjir it hiele programma ferwachtsje.

Dêr wolle je wol efkes in blokje foar om

Sealtraine SDS 4, 5 en 6
SDS 4, 5 en 6 sille kommende woansdeitejûn sealfuotbalje yn Easterein fan 20.30 oan ’t 22.30. Allegear al efkes €2,- meinimme.

Horeka-toernoai
Kommende snein sil der yn de sporthal yn Easterein foar de safolste kear it Littenseradiel-Horeka-sealtoernoai(“oaljebolle-toernoai”) ferspile wurde. Wa soe der dit kear mei de 1e priis fan troch gean?

Krystsealtoernoai KNVB
Kommende sneon binne de finales fan it Krystsealtoernoai fan de KNVB yn Frjentsjer. Mar leafst 863 teams fan A’s oan ’t en mei de E’s dienen oan dit toernoai mei. Sneon binne allinnich de beste teams noch te sjen. Der wienen jierren dat ek teams fan SDS op dit toernoai in ein kamen. Spitich genôch is dat dit jier net it gefal. Dochs is it noch wol de muoite wurdich om der efkes te sjen. Hjir is it programma.

VI-Kennistest
De antwurden fan de VI-Kennistest binne bekend. De test wie dreech genôch. Wy tochten gjin fout makke te hawwen, mar gienen dochs 2 kear de mist yn. Net Michael Mols, mar Patrick Pothuizen blykt de âldste spiler te wêzen dy ’t ea in goal makke hat yn de Eredivisie. Pothuizen wie krekt in wike âlder. Dêrnêst wie it net Dave van den Bergh mar Collins John dy ’t noch as ienige Nederlander yn de Amerikaanse heechste klasse fuotballet. Klik
hjir foar alle fragen mei de antwurden.

Harsens derby (370)
Flink pinekiel en dan noch “gewoan” boadskipje. El Hamdaoui komt hieltiten minder betrouber oer: