Weppers tongersdei 5-1

Sneon SDS-nijjierssit!
4 januari 2017
Programma SDS-nijjierssit!
6 januari 2017

OFK

Jûn begjinne wer de foarrondes fan it NNRD-OFK yn Frjentsjer. Oftewol it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen. SDS Vr.1 mei moandei 9 jannewaris, SDS-fjild tiisdei 10 jannewaris en SDS(âld)seal tiisdei 11 jannewaris. Moarn mear hjir oer.

SDS-sealtoernoai foar JO15 en JO17’ers

Sneon is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar JO15 en JO17’ers fan 9.00 oere oant 12.00 oere yn de sporthal yn Easterein. De mannen kinne harren hjir noch opjaan oant freed 13.00 oere. Der hawwe al 18 jongemannen harren opjûn.

SDS JO13-2 ûnderút

SDS JO13-2 mocht juster yn Snits yn de seal fuotbalje neidat sy it KNVB-krysttoernoai yn Workum wûn hienen. Spitich genôch lei de latte hjir wol hiel heech en ferlearen de mannen alle 3 wedstriden. Sy geane dus net nei de finales yn Frjentsjer.

Almar ek werom by SDS

Neist Anne Stenekes komt Almar Kramer ek wer fuotbaljen by SDS. Almar hie it, nei ferline seizoen noch yn de A’s fuotballe te hawwen, wol hân mei it fuotbaljen en smite syn skuon yn de wylgen. Lokkich genôch krekt sa heech dat hy se der nei in heal jier alwer útpakke koe. Almar mei it no probearje yn de senioaren.

Afbeeldingsresultaat voor almar kramer

SDS 1 traint jûn, SDS 2 en JO19 begjinne nije wike

SDS 1 traint jûn alwer foar de twadde kear. SDS 2 en JO19 sille tiisdei foar it earst wer los.

SDS 4 traint ek!

De mannen fan SDS 4 traine jûn ek! It is yn elts gefal de bedoeling om genôch minsken byinoar te krijen om jûn om 20.00 oere op it keunstgers te trainen. It sil ús benije.

De bikkels fan JO17-1

De bikkels fan JO17-1 stienen fannejûn ek alwer op it trainingsfjild:
Foto fan Hans van der Schaar

SDS-League

Sneon wurdt op de nijjierssit ek de einstân fan de earste helte fan de SDS-League bekend makke. Wa soe it wûn hawwe?

Út de âlde doaze

Somtiden kinne je je hast net mear betinke hoe lang lyn as iets bard is. Sa docht SDS al jierren mei oan it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Sy wûnen it twa kear en stienen noch in pear kear yn de finale. Mar wannear wie dat dan ek alwer? Ien foto koenen wy yn elts gefal werom fine.

Dirk-Yde, Tseard, Erik, Jacob-Klaas, Marten en Willem foar de finale fan it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer 2005. Feite wie blesseard útfallen. De finale waard úteinlik mei 1-0 ferlern………

Harsens derby (1815)

In âlderwetske ‘scrimmage’ foar de goal en dan sa skore!