Programma SDS-nijjierssit!

Weppers tongersdei 5-1
5 januari 2017
SDS-nijjierssit grut súkses!
8 januari 2017

Moarn is it safier! De SDS-nijjierssit! Wy ferwachtsje moarn elkenien dy ’t wat mei SDS hat op it sportpark.
It programma is sa:

9.00-12.00 oere:
De fuotballers fan JO15 en JO17 hawwe harren SDS-sealtoernoai yn de seal yn Easterein.

12.30 oere:

Alle fuotballers dy ’t harren sels of fia harren leider of trainer opjûn hawwe wurde ferwachte sadat wy sa gau as mooglik los kinne mei it fuotbalmikstoernoai. Der binne 10 teams en der wurdt spile yn twa poules fan 5. De finale sil dan om in oer as 16.00 wêze.

 

Afbeeldingsresultaat voor snertrin sds13.00 oere:
De lju dy ’t leaver wat oars dogge as kaarte, fuotbalje as by it fuotbaljen sjen rinne efkes in blokje ûnder lieding fan Oetze Paauw. Wy binne benijd wat foar rûntsje as it dit kear wurde sil. By weromkomst yn de kantine stiet de kofje mei keek klear!

Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds13.30 oere:
16 kaarters hawwe harren opjûn foar it SDS-klaverjastoernoai en dat betsjut dat sy moai los kinne oan 4 tafels. Der wurdt spile om alderaardichste fleisprizen ûnder lieding fan Dirk-Yde Sjaarda. De fleisprizen kinne efentueel lyk konsumeard wurde!

Afbeeldingsresultaat voor efkes balje16.00 oere:
De Efkes Ballers traapje efkes in baltsje ynstee fan op freed.

17.00 oere:
Sipke de Boer bringt alfêst de stimming der wat yn.

18.22 oere:
De priisútrikking fan it fuotbalmikstoernoai, it klaverjastoernoai, de SDS-League en de winner fan de Krystpuzzel yn de Treffer wurd bekend makke. Dêrneist hâld de foarsitter fan SDS miskien wol in hiel koart wurdsje en hat hy noch in nijtsje.

Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds19.00 oere:
Sipke de Boer set wer yn!

…………… oere:
Hiel miskien wurd der noch wol in rûntsje Draaiend Rad dien.

22.00 oere:
It sit der op!
Noch efkes mei syn allen de boel opromje en de lju dy dan noch toarst hawwe kinne moai efkes nei it kafé yn Easterein!