Sneon SDS-nijjierssit!

Sneon SDS-sealtoernoai foar JO15 en JO17! Jou dy no op!
4 januari 2017
Weppers tongersdei 5-1
5 januari 2017

Sneon is it safier!
De SDS-nijjierssit!
It belooft in grut súkses te wurden!
Mar leafst 87 fuotballers en fuotbalsters sille meidwaan oan it fuotbalmikstoernoai.
Fan JO17 oant SDS 1, fan âld-SDS’ers oant JO19 en fan Vr.1 oant de mannen fan it 4e. Elkenien docht mei!

Supporters binne fansels ek fan herte wolkom!

Tagelyk sille der sa ’n 16-20 lju sitte te klaverjassen yn de kantine ûnder lieding fan Dirk-Yde Sjaarda.
Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds

Fanôf in oer as 13.00 sil der ek in ploegje te rinnen fanút de kantine.

Afbeeldingsresultaat voor snertrin sds

Ien en oar sil ôfslúten wurde mei muzyk fan Sipke de Boer ûnder it genot fan in hapke en in snapke!
De muzyk sil rûn in oer as 17.00 oere los.
Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds

Foar elk wat tochten wy sa!

Neist dit alles wurdt ek de einstân fan de SDS-League bekend makke en de winner fan de krystpuzzel út de Kryst-Treffer.

Wy binne der wis fan dat it in alderaardichste dei wurdt!

Freed kinne jim hjir op de webside lêze hoe let it fuotbaljen en klaverjassen eksakt begjint.

Oant sneon!!

Mei groetnis fan de aktiviteitenkommisje;
Gerry-Edou Mollema, Hester Kingma, Jacob-Klaas Haitsma, Elger Turksma, Jesse van der Weide of Allert Turksma.