Weppers freed 5-9

Weppers tongersdei 4-9
3 september 2008
Seleksjes 6 septimber
5 september 2008

Oflast
SDS 5 giet sneon net troch. De tsjinstanner Rood Geel hat te min spilers. Kloate dus.

Fuort
De bus giet sneon iets earder fuort. Om 11.50 ride se. Dus elkenien graach op tiid wêze. Want der giet net in bus letter.

Sokken
Sneontemoarn tusken 9.00 en 12.30 binne der wer sokken te keap
yn de kantine.

Kluisjes
De kluisjes binne sneon ek beskikber yn in sikretariaat. Stefan van Krimpen hat se efkes yn in moai kleurke spuite.

Nije besoargster
Wy hawwe ien fûn dy ’t de helte fan de Treffers yn Easterein wol besoargje wol. It giet om Grytsje Orsel fan De Streek. Wy binne hjir tige wiis mei.

Nije foto
hspace=0 
It fleuret ús webside op: Nije foto’s fan spilers en spylsters. De froulju leverje allegear in foto yn wêr’t se moai op steane. Hjoed de nije foto fan Geertje Spoelman.

Kluptopskoarder 2008-2009
Wij kinne der net om hinne, mar der is sûnt tongersdeitejûn in kluptopskoorder. Coen Rameau makke it earste doelpunt fan de senioren dit seizoen (SDS 4) . Yn de wedstryd tsjin Tsjummearum 2 krige hij neffens sommigen wol wat help fan ferdigener en doelman mar dat is kinnesinne.

Ype en Harm Auke
Nei oanlieding fan it Skylge wykein fan SDS 5 en it missen fan de boat en oare ûngelokkige aksjes krigen wij de folgende stellingen troch:
Vera hoecht gjin bern mear want dy hat al in bern
Ype hat twa bern en Elly hat der trije.

Te let
Harm Auke wie juster ek te trainen bij SDS 5. Hij kaam in kertierke te let. Ja krekt it kertierke…..

Efkes earder
SDS 2 traint de rest fan it seizoen efkes earder en wol om 20.00 yn plak fan 20.15.

Sjurtsjes
Bij SDS 5 binne sneon safolle minsken dat it no al seker is dat er te min sjurtsjes binne. It gerucht giet dat sommige spilers hjoed al efkes in sjurtsje bij Klaas en Sieta Visser wei helje om der seker fan te wêzen dat se mei dwaan kinne.

SDS 4 – Tsjummearum 2
SDS 4 is de komnpetysjebegûn mei in nederlaach. It waard 1-3 foar de gasten. Coen Rameau skoorde.

12 man
Jim lêze it goed. Der wiene mar leafst 12 man bij it trainen fan allinne SDS 5. En ús oprop oan Stoffel hat holpen. Hij wie der en…. yn foarm.

Reklamebuorden
Der wiene tongersdeitejûn wer hiel wat frijwilligers dwaande mei de reklamebuorden. Der wiene wer in soad nije buorden en der moasten sommigen ferpleatst wurde. It begjint der no aardich op te lykjen op de Skoalleseize.

Op strjitte
Sa ’t de measte âlderen wol witte lere je it fuotbaljen it best op strjitte(of yn de seal………..):



Letter mear!