Weppers tongersdei 4-6

Weppers woansdei 3-6
3 juni 2009
Weppers snein 7-6
7 juni 2009

Ynleverje spullen
Tiisdeitejûn wie der in gearkomst foar lieders en trainers fan de jeugdploegen. Alle ballen en oare spullen koene ynlevere wurde. Wa’t dat net dien hat, wurdt fersocht it spul bij Willem Twijnstra te bringen. Dy wennet op de Ljits 1 yn Easterein.

Werom sjen
De lieders en trainers fan de jeugd seagen justerjûn werom op it ôfrûne seizoen. Fansels wiene der opmerkingen en gie net alles altyd goed. Mar oer it generaal wie men goed tefreden oan ’t super entoesjast.

Foarút sjen
De jeugdkommisje hat tiisdeitejûn oanjûn dat sij net op al te lange tiid de foarloapige seleksjes foar takem jier bekend meitsje sille. Yn tsjinstelling ta ferline jier doe’t it nei de fekansje bekind waard, wurdt der no nei stribbe om it noch yn de moanne juny te bekend te meitsjen.

Beste spiler SDS 1
Ôfrûne freed hat SDS 1 in noflike barbekjoejûn hân by de Sjaarda’s. Dêr waard ek bekend makke wa’t útroppen is tot spiler fan it jier. Dit waard Jaap Toering. Twadde waard Tseard Halbersma. Wy binne benijd nei de foto’s.

Ho
Dizze Nederlânse keeper spilet yn Noarwegen. Syn Noarsk is noch net al te best. Hy tocht dat der in frije traap krige, mar de skieds jûch foardiel. Syn ploeggenoaten ropten noch wol, mar hy ferstie it net. No mar ferplicht op Noarske les:


Gigantisk KeeperbrølerWatch the best video clips here