Weppers snein 7-6

Weppers tongersdei 4-6
3 juni 2009
Weppers moandei 8-6
7 juni 2009

Komkommertiid
Jim hawwe it al murken fansels. It is komkommertiid. Twa dagen efter elkoar gjin weppers. Dat is in skoft lyn dat dat earder barde. Hjoed sille wy der wat tsjin dwaan.


5 tsjin 5
Juster hat in ploegie SDS’ers(Jaap, Skelte, Hendrik, Anne, Jelmer en Willem) meidien oan it 5 tsjin 5-toernoai fan Koudum. Wy moatte sizze dat dit in grut sukses wie as wy it fuotbaljen net meirekkenje soenen……. Yn de poule waard ferlern fan ONT, Wykels-Hallum, Balk en Oeverzwaluwen. Der waard wol wûn fan âld-Balk en lykspile tsjin vv Bakhúzen… Der komme fêst noch wol foto’s op dizze side.
 
VV Easterlittens?
Út sear ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat foarige wike twa SDS’ers troch vv Easterlittens benadere binne om by harren te fuotbaljen. Skelte en Anne hawwe beiden bedankt.

Ferslach B1
It hat efkes duorre, mar hjir is dan eindelijk it ferslach fan de lêste wedstryd fan B1:
28-05-2009 
De B1 heeft de laatste wedstrijd winnend afgesloten, met een 2-0 overwinning tegen
Minnertsga. De score werd geopend in 22ste min door Ayanle Reitsma. Stefan Visser gaf de bal
en Ayanle pakte de bal in een keer uit de lucht en schoot hem in de kruising. De tweede goal werd
gemaakt door Jan Friso Bruinsma, In de 54ste min, door een fout van de keeper uit Minnertsga. Martin Rienstra 
kon de de score ook nog op een mooie 3-0 zetten, na een geweldige voorzet van Peter Stuiver, maar hij stond buitenspel.  
In allebeide helfden ging het steeds gelijk op, alle twee ploegen hadden genoeg kansen op een goal.
De B1 heeft na de nederlaag tegen Nijland, het vierde plekje uit handen gegeven. Nijland heeft uiteindelijk
de laatste wedstrijd gelijk gespeeld. De B1 heeft die wedstrijd tegen Minnertsga alles op alles gespeeld om
dat mooie vierde plekje weer over te nemen. De B1 kan terug zien op een mooi seizoen, Think ik dan he!! 
M.V.G: Peter Stuiver
De reutel.

Jierdei
Jelmer Posthumus is moarn jierdei. Hjoed sil hy de jierdei útgebreid fiere mei de famylje Bruinsma. Wy winskje him alfêst folle jierren yn sûnens ta!

Degradeard
WPB is foarige wike degradeard út de 2e Klasse nei it ferlies yn de neikompetysje tsjin Middelstum. In samenvatting fan dizze wedstryd is hjir te sjen.

Keatsen
Hjoed sille der wol in bult SDS’ers te finen wêze by it Haadklasse-keatsen yn Dronryp. Sy komme dêr fansels foar de 2 SDS’ers dy ’t op de list steane. Jelte-Pieter Dijkstra en Feiko Broersma dogge beide mei. Erik Haitsma stiet net op dizze list, mar ek hy docht mei.

Ronaldo
Yn Brazilië stiet it publyk wer op de banken foar Ronaldo: