Weppers freed 5-5-2017

Weppers tongersdei 4-5-2017
4 mei 2017
Sneon 6-5-2017
5 mei 2017

Befrijdingsdei

Hjoed stiet Nederlân stil bij de ein fan de twadde wrâldkriich. It is befrijdingsdei en dat wurdt yn Ljouwert altyd fierd mei in festival yn en bij de Prinsetún. Muzikaal sjoen is der wol it ien en oare te hearen. Sjoch hjir

SVM 1 – SDS 1

Op sa’n 60 kilometer fan Easterein leit Marknesse. Se hawwe dêr in  fuotbalklup mei de namme SVM. Dat SVM sit bij SDS yn de tredde klasse A. SVM hat 25 punten en stiet op in neikompetysjeplak.  SDS hat 29 punten is noch net feilich mei noch twa wedstriden te gean. In oerwinning yn de polder foar SDS is needsaak om frij te bliuwen fan fierdere neikompetysjesoargen.
De folgjende spilers meitsje diel út fan de seleksje:
Gert Jan, Bauke, Erik, Elger, Gerwin, Remco, Tsjipke, Pieter, Wiebe, Teun, Hendrik, Jelmer, Frank, Dirk
Om 12.30 oere der wêze!

Mei de bus?!

Wy binne noch drok dwaande om SDS 1 moarn yn de bus nei de polder gean te litten. Mochten der supporters by passe dan lêze jim dat hjir sa gau mooglik!

SDS 2 – WPB 2

Foar SDS net folle op it spul, mar dat liket de lêste wiken neat út te meitsjen wat de motivaasje oangiet. De folgjende spilers melde harren om 13.30 om om 14.30 oere oan te treden: Marten, Bote, Hendrik, Pieter, Willem, Gerrit, Tjeerd, Wietse, Stephan, Jort, Jentsje, Arjen, Jurjen

Balk 4 – SDS 4

De seleksje fan SDS foar de wedstriid tsjin Balk sjocht er sa út: Rick d, Ruun, Rickkie, Eeltje, Jelte, Kb (as syn inkel it talit), Wifi, Gertjan H, Martijn, Jorrit, Thomas, Ids, Steffen, Ddk, Peter.
Wij nimme oan dat de fêste kamera  yn Balk klear stiet om de frije trapen fan Eeltje en de doelpunten dy’t dat altyd opleverje, fêst te lizzen.

QVC VR 1 – SDS VR1

At alles goed giet meie de froulju fan SDS ek wer ris op in sneon fuotbalje; Sij dogge dat yn Starum tsjin QVC VR 1: Alize, Hester, Amarins, Gerry, Alissa, Geeske, Lysanne, Akke Rixt, Sieta, Tjitske, Jeska, Agnes, Janieke
Om 14.00 oere wurdt er fuotballe en at jim se útwuive wolle kom dan om 12.15 nei it sportpark.

Skiedsrjochters

Moarn binne der foar de 7 thúswedstriden 7 skiedsrjochters nedich. Sjoch hjirûnder:

SDS JO17-2 Bergum/BCV JO17-4 Robert Schildkamp
SDS JO11-2 St. Annaparochie JO11-2 Michiel Zuidema
SDS JO9-2 SC Franker JO9-3 Stijn Schildkamp
SDS Mini SDS mini Herman Vinke
SDS JO13-1 FVC JO13-2 Jelle de Boer
SDS MO15-1 Buitenpost MO15-1 Epke Boschma
SDS 2 WPB 2 Dennis Vinke

Wat opfalt is dat der twa heiten binne mei in soan dy’t fluitsje…….

Efkes Balje

Sjoen it fanatisme fan de Efkes Ballers soe it best wolris sa wêze kinne dat er wol balle wurdt. It is dan yn Easterein.

Harsens derby (1884)

Dat kin…………… dan hawwe je gewoan je dei net…………