Weppers tongersdei 4-2

Weppers woansdei 3-2
3 februari 2016
Utslaggen 6-2
5 februari 2016

SDS 1
SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin de sneonfuotballers fan sc Bolsward 1. Sy wûnen mei 1-0.

Seal
Fanút de sporthal yn Easterein it berjocht dat SDS seal justerjûn 10-2 ferlen hat fan Haskerland 5.

Kantine
Fansels is jûn de kantine ek wer iepen. SDS 1, 2 en A1 hawwe trainen en sjogge dêrnei noch efkes by Jan Stenekes yn de kantine dy ’t alfêst de moaiste muzyk útsocht hat.

Lokwinske!
Jetske Sieperda en Marten Faber binne juster de grutske âlden wurden fan lytse Djurre Bauke. Fan herte lokwinske!

Hy hat al échte keepershannen!

sc Heerenveen-talintendagen
By sc Heerenveen hawwe sy yn de foarjiersfakansje talintendagen. Liket it dy wat om hjir oan mei te dwaan dan kinsto der
hjir alles oer lêze.

A of F
It binne drege tiden  foar Ajaxfans en Feyenoordfans. Bij Feyenoord levert it minne spul gjin punten op en bij Ajax (noch) al. Wa’t neat ferkeard lêze wol oer Ajax moat dizze
deadlike kollum fan Sjoerd Mossou net lêze en wa’t siik is fan de spotprintsjes oer Feyenoord kin better dizze link net oanklikke.

Harsens derby (1667)
It is in wonderlijke penalty, mar Johan heerma hie him seker witte keard!