Weppers woansdei 3-2

Weppers tiisdei 2-2
1 februari 2016
Weppers tongersdei 4-2
3 februari 2016

Ynhelje
De ôflaste wedstryd fan ôfrûne sneon tusken SDS 1 en Mulier 1 is troch de KNVB op ‘e nij fêststeld op sneon 27 febrewaris.

Oefenje
SDS 1 oefent jûn om 20.00 oere yn Boalsert tsjin sc Bolsward (sneons). De seleksje fan SDS 1 liket stadich oan wer wat kompleet te reitsjen.

Hesjes en dopkes
Inkelde teams traine op it heden op keunstgers yn Snits. Soenen de trainers der foar soargje wolle dat sy nei it trainen yn Snits de hesjes en de dopkes wer yn it ballenhok dellizze wolle, want oars hawwe de teams dy ’t yn Easterein traine neat mear.

Sealtraine
SDS C3 sil kommende sneon efkes yn de seal yn Easterein traine fan 9.00-10.00 oere.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn om 20.30 oere spilet SDS seal thús tsjin Haskerland 5.

Sealtraine (2)
SDS 3 en 4 sille jûn yn de seal traine. Wa ’t meidwaan wol graach trochjaan oan Arjan Hallema. It begjint om 21.30 oere.


Broer?
Sneon wie Boudewijn Kramer by SDS A1 te sjen yn Snits en de skieds kaam him sa bekend foar………

Fêst in broer fan Johan………..

Harsens derby (1666)
“Sorry!”