Weppers tongersdei 30-9

Weppers woansdei 29-9
28 september 2010
SDS League: Bram van Beem pakt wykpriis!
1 oktober 2010

SDS 6 tsjin Top’ 63
Juster het SDS 6 harren koppositie goed ferdedige. Fan in foaryn snel en oanfallend Top’ 63 waard wun. Mei nammen de earste helte waard der oan beide kanten goed fuotbalt. De foarsprong wie foar SDS. Bram Strubbe makke daliks sien earste kans. In echt spits. Dernei begon TOP’63, under oanfiering fan de by measten wol bekende Robbert Gorter, druk te setten op de goal fan SDS. Dit levere in oantal kansen op mei ut einliks de lykmakker foar TOP’63. Toen mar efkes thee drinke. Yn de twadde helte begon SDS wer goed gediciplineerd en waard der troch in goal fan Sytse en Pytrick de striid beslist. Dernei waard de pot utspiele mei noch in oantal leuke counters oan beide kanten wer gjin goals utkwammen. Einstan 3 – 1. SDS wer 3 punten.
BvB
  

Seal: SDS 1 ûnderút
SDS 1 ferlear juster mei 9-4 fan Renado. De útslach docht fermoeden dat SDS folle minder wie. Dit foel wol wat ta. SDS hie wol folle minder spilers. SDS moast it op ‘e nij dwaan sûnder wissels troch blessures(Feite, Peter, Jan-Simon) en sykte(Tsjipke). Nei in 2-0 rêststân wist SDS dochs mei 4-3 foar te kommen mei noch sa ’n 5 minuten op de klok. Freek,Wytze, Ruurd, Jaap en Willem rekken aardich útputten en koenen it op it lêst net mear hâlde. In diarree oan doelpunten soarge úteinlik foar in 9-4 ferlies. Wytze(2x) en Freek(2x) soargen foar de SDS-doelpunten.

Seal: SDS 2 spilet lyk
SDS 2 en RES makken der in doelpuntryk skouspul fan wêr ’t úteinlik skoreboerdbyhâlder Lolke Bouma de grutte winner waard. Hy mocht mar leafst 18 kear in doelpunt notere lyk ferdield oer beide ploegen; 9-9.

SDS D1 nijsflits
SDS D1 speelt zaterdag gewoon om 12.15, dus 11 uur vertrek. Ik heb e.e.a. met Andre afgestemd.
Groet Tjerk

Falko
hspace=0
Dit is Falco Jellema, spiler fan E3. Hij keept. Woansdeitejûn gie hij de striid oan mei syn 8 ploechgenoaten. Op it hiele grutte doel fanôf in meter as 12 mochten se allegear sjitte. At der ien net skoarde hie de ploech wûn. At der twa of mear net skoarden, wie Falco de winner en soene wij dêr in melding fan dwaan op dizze side. Mar leafst 4 ploechgenoaten skoarden net en sa wûn Falco mei twa fingers yn de noas.

Rûnom Easterein
Dit
prachtige affysje moat jim noch efkes besjen om der fan oertsjûge te wêzen dat meidwaan hiel leuk is. OPjaan kin noch in pear dagen.

VI-kwis
Hjir in aardige kwis fan de VI. Wa liket op wa?

SDS League
De nijste stân fan de SDS League hoppje wy jûn bekend meitsje te kinnen yn de fuotbalkantine.

Wat seist?

(foto Henk Bootsma)
Wa wit in leuk ûnderskrift foar dizze foto? Mail it nei
info@vv-sds.nl. De leuksten komme yn de nije Treffer.

Harsens derby(304)
Dizze grinsrjochter jout in steward efkes in krûpke: