Weppers tongersdei 30-1-2020

SDS 1 2019-2020 (earste helte kompetysje)
29 januari 2020
Enno Bruinsma, in SDS-er yn ieren en sinnen
31 januari 2020

SDS Vr.1 sneon net om 16.45 oere….

Om ’t it programma sa fol sit soenen de froulju fan SDS Vr.1 harren topper tsjin Zeerobben Vr.1 sneon om 16.45 oere fuotbalje. Dit wie de muoite wurdich west om efkes te sjen tochten wy sa! Spitich genôch hawwe de ‘Zeemokkels’ te min spylsters en giet de wedstriid net troch……..

Jeska en Marrit mei de JO19-2 mei!

Elts neidiel hat syn foardiel sei Johan cruijff ea. dat giet sneon ek wer op. De wedstriid fan SDS Vr.1 giet net troch, dus der kinne wat froulju sneon net balje. Yn it ferline tochten je dan dat de froulju wol nei de stêd soenen, mar tsjintwurdich is dat net mear sa. De froulju wolle balje! Dat komt moai út, want de JO19-2 hat mar krekt genôch en kin wol wat sterke froulju brûke. Jeska Terpstra en Marrit Hiemstra geane sneon dan ek mei JO19-2 mei om yn Koudum punten te pakken fan Oeverzwaluwen JO19-1.

Bekerje

De measte teams fan SDS lizze al út de beker, mar de froulju fan Vr.1 sitte der fansels noch yn. Sy sitte ynmiddels al yn de 1/8e finales. Dat betsjut dat der noch 16 teams ynsitte w6er fan 7 út Fryslân. SDS Vr.1 mei sneon 22 febrewaris thús tsjin Vitesse ’63 2. Vitesse ’63 komt út Koekange. Koekange leit yn Drinte en net fier fan Meppel en is sa ’n bytsje like grut as Wommels. Vitesse ’63 stiet lykas SDS Vr.1 boppe-oan yn de 4e-Klasse.
Image result for vitesse 63 logo

Gearkomst fuotbalklups SWF

Tiisdeitejûn binne delegaasjes fan fuotbalklups út de Gemeente Súdwest Fryslân by vv Nijland byinoar west om mei mekoar te praten oer it amateurfuotbal en wêr ’t je sa al tsjin oan rinne lykas it krijen fan minder subsydsjes en it dreech finen fan frijwilligers. SDS wie der mei in bestjoersdelegaasje lykas IJVC, Workum, Hielpen, Mulier, Bolsward, Sneek, QVC, Makkum en HJSC. Dêrneist wienen der in pear fan de KNVB. Der is ôfpraten om folgend jier wer mei syn allen om tafel te gean. Dit sil dan wêze by TOP’63.

OFK 45+

Kommende sneon is it Iepen Sealfuotbalkampioenskip foar 45+ yn Frjentsjer. De seleksje is ynmiddels kompleet. Neist Frans Stap, Tjeerd Dijkstra, Theo Postma, Jacob-Jan Oostra, Ids Boersma, Klaas van der Weg en Anco Elgersma komme Johan Heerma en Folkert-Rients Vellinga der noch by.

Kantine iepen

Fannejûn is de kantine fansels wer iepen en it beloofd in alderaardichste jûn te wurden want Elger Turksma hat namelijk bartsjinst. Noch mar krekt werom op it âlde-SDS-nêst nimt hy lyk syn ferantwurdlikheid en draait bartsjinst. No al nocht yn! Elkenien is wolkom!

Ut de âlde doaze

Fan Elisabeth Breeuwsma krigen wy in inkelde prachtige teamfoto’s út it ferline. Tiisdei koenen jim hjir ek al ien sjen. Hjir op ‘e nij ien.

Boppe: Jaap van der Velde, Folkert Gorter, Willem Wijnia, Sido Bakker, Neno Viëtor, Martin Overal, Hille Meijer, Lieuwe van der Brug en lieder Roel Sybesma.
Under: Folkert-Rients Vellinga, Robert Sybesma, Harm Stremler, Jan-Simon Jelsma en Tsjomme Wijnia.

Harsens derby (2204)

Beste hond!