Enno Bruinsma, in SDS-er yn ieren en sinnen

Weppers tongersdei 30-1-2020
30 januari 2020
Weppers freed 31-1-2020
31 januari 2020

Juster is de earefoarsitter fan vv SDS, Enno Bruinsma, nei in siikbêd ferstoarn.

Enno Bruinsma wie in SDS’er fan it earste oere en hat him syn hiele libben foar SDS en Easterein ynsetten.  Ek gemeentebreed tocht hij mei, want hij hat ek riedslid west foar de FNP.

Sneon sille de flaggen by SDS heal stok hingje, sil SDS 1 mei roubannen spylje en is der foar de wedstriid SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 minút stilte.

Wy sille him misse!

Enno Bruinsma as fuotballer

1954

1954

1955

Enno Bruinsma as foarsitter

Bruinsma wie foarsitter fan 1985 oant 1992.

Tidens syn foarsittersperioade earst degradaasje fan tredde nei fjirde nei FVB  en 1992 kampioen FVB. Bij syn ôfskie krige hij de wedstriidbal wêrmei it kampioenskip binnen helle wie.

Tidens syn perioade as foarsitter kaam der in nije akommodaasje.

Enno Bruinsma as belutsen SDS-er

Bruinsma siet yn de jubileumkommisje 1997 en sloech gjin ledengearkomst oer.

At er kaarten wie, kaam hij ( en syn frou ek) graach nei de kantine om mei te dwaan.
Sneontemoarn kaam hij fêst efkes lâns om bij de jeugd te sjen en foar in praatsje.

Wie der troch de wike wat te dwaan, foar Bruinsma wer in oanlieding  om efkes op it sportpark te sjen.

Enno Bruinsma as supporter fan SDS 1

Bruinsma as troue supporter bij SDS 1 (mei Harm Bergsma). Net allinne bij thúswedstriden mar se fleagen stêd en lân ôf om SDS 1 te stypjen. De lêste thúswedstriid fan SDS 1 dy’t Bruinsma bijwenje koe wie de wedstriid tsjin SWZ 1 yn desimber:  It waard in oerwinning.

Al moai wat jierren hawwe Bruinsma en Hofstee wedstriidsponser west fan ien fan de thús wedstriden fan SDS 1

Enno Bruinsma en de taal

Enno Bruinsma wie tige Frysksinnich. Hij mocht it mar wat lije dat hij it nijs fan SDS op de wepside en yn de Treffer yn syn eigen taal  lêze koe.

Enno Bruinsma yn de sportskoalle

Enno Bruinsma die der alles oan om fit te bliuwen.