Weppers tongersdei 3-12

Projekt keunstgers!
1 december 2015
SDS League: Wepmaster pakt wykpriis…..
3 december 2015

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1
SDS 1 spilet sneon om 14.30 oere thús tsjin Oeverzwaluwen 1. Foar SDS 1 is it de lêste thúswedstryd foar de winterstop. Mocht de wedstryd ôflast wurde dan kin it noch sa wêze dat de wedstryd op sneon 19 desimber ynhelle wurdt.

Skorst
Jacob-Klaas Haitsma krige ôfrûne sneon in reade kaart yn de wedstryd tsjin Oudehaske 1. Neffens de skieds gie it om in trochbrutsen tsjinstanner. Jacob hat 3 wedstriden skorsing krigen. Neffens de geleerden is dit de minimale skorsing by dit fergryp.

Sinteklaasje
Sinteklaas komt jûn foar it tredde jier al efterelkoar by SDS 2 op besite yn de kantine. Wy binne benijd wat de man allegear meinaam hat út Spanje. Der sille dit kear wol net folle punten ynsitte, want dy hat SDS 2 genôch…..
SDS 2 traint earst efkes fan 19.00 oere – 19.45 en dêrnei komt de âld man del.

SDS-klean fan Sinteklaas?
Mochten der noch lju wêze dy’t SDS klean hawwe wolle dan moatte sy efkes maile of skilje nei Douwe Reitsma. Dan kin der noch wat regele wurde foar Sinteklaas. De maten 164 en 152 yn de trainingspakken binne der op dit momint net mear. Dy komme ein dit jier wer. Mail nei Reitsmadj@hetnet.nl
 of skilje 332500.

Projekt keunstgers
Juster hawwe lju fan de Skoalleseize, de KF en SDS om tafel west om te praten oer it keunstgers! Sa sil der betocht wurde moatte wat foar goals as der komme moatte, hoe heech it fjild komt te lizzen, wat foar keunstgers as der komme moat, wannear as it fjild oer de komt moat en sa noch folle mear.
Moandei mear hjir oer!

SDS 2 hast winterskoft?
SDS 2 spilet sneon út de derby tsjin Nijland 2. Mocht de wedstryd net trochgean dan is it dochs winterskoft foar SDS 2. Nijland 2 hat al in ynhelwedstryd stean op 12 desimber en 19 desimber is net in ynhelsneon foar dizze kategory. SDS 2 spilet op sneon 20 febrewaris syn earste wedstryd nei it winterskoft út tsjin Oeverzwaluwen.

Traine? Wol op it MFT!
Mochten de trainingsfjilden te wiet wêze om op te trainen, dan kin der op it MFT traind wurde. 
Oer it MFT kinne jim 
hjir alles lêze. By fragen kinne jim kontakt opnimme mei Oetze Paauw. Syn tillefoannûmer stiet wol yn de link.

Giet wol troch
It kin wêze dat der fan ’t winter in kear net yn de seal yn Easterein fuotballe wurde kin (klik hjir).

SDS League
De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet fannemiddei hjir op de webside.

Alderaardichst
Jacob-Klaas Haitsma is sneon skorst en fuotballet net mei by SDS 1 tsjin Oeverzwaluwen 1. SDS hat hjirmei de administraasje dan ek wat better op oarder dan bygelyks Real Madrid…….(klik hjir).

Harsens derby (1634) 
Miskien wurdt it tiid dat Mourinho sels de frije trapen by Chelsea nimt……….