Projekt keunstgers!

Weppers tiisdei 1-12
30 november 2015
Weppers tongersdei 3-12
2 december 2015

Justerjûn hawwe de Skoalleseize, de KF en SDS om tafel sitten om te sjen hoe it liket mei de financiën oangeande Project A,B en C.
Projekt A (de klaaiboksen) en projekt B (it B-fjild) binne ynmiddels klear en binne ôfronden. Úteinlik hat it wat mear jild koste as begrutten, mar mei help fan de opbringst fan de wedstryd sc Heerenveen – MVV is dit oplost.
Dat betsjut dat wy no oer kinne nei Projekt C,
oftewol it keunstgers!!
SDS hat jild beskikber steld, de keunstgerskommisje hat jild opbrocht, der is in liening oangien en der komt subsydsje fan de gemeente. No moat besjoen wurde as dat wat yn de begrutting stiet ek werkelijk nedich is, as der noch ekstra dingen by moatte en as alles safolle kostet as begrutten. It doel is dan om fan ’t simmer in keunstgersfjild del te lizzen.
Woansdeitejûn sille de lju om tafel dy ’t ferline wike inkelde keunstgersfjilden besocht hawwe.
Wy hâlde jim op de hichte!