SDS-slotfeest op 9 maaie mei sjonger Jelmer en ‘Gewoan lekkere’ broadsjes fan Nanne!
24 april 2026Oefenje
SDS 1 sil tongersdei te oefenjen yn de Tynje. VV Tijnje spilet op snein yn de 4e-Klasse A en stiet tredde. De oefenwedstriid begjint tongersdei om 20.00 oere.
Hennie
By vv Tijnje sjogge wy noch in âlde bekende. Hennie Roubos is der namelijk fersoarger. Hy hat dit earder in pear seizoenen by SDS 1 dien.

SDS’ers der op út
No ’t SDS 1 ris in wykein net hoechde te baljen koenen de mannen eindelijk ris nei in wedstriid yn it bûtenlân. Foar de wissicheid it jild mar setten op in wedstriid op moandei; Manchester United – Brentford. It waard 2-1 foar Man. United en rekkenje der mar op dat de mannen it prima nei de sin hân hawwe.

Gerwin Sijbesma, Matthijs Postma, Yward Zijlstra, Haije-Jan de Boer, Inne Heerma, Pieter Sijtsma, Habtamu de Hoop, Wiebe Heeres en Frank Bervoets.
En Charlton, Law en Best sjogge jim op de rêch.
SDS-League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League fine.

Slotdei SDS
Beste SDS’ers, taskôgers, sponsoren en elkenien dy’t nocht hat yn in moai feestje!
Sneon 9 maaie organiseare wy wer ús jierlikse slotfeest om it seizoen mei elkoar ôf te sluten.
In gesellige dei mei muzyk fan sjonger Jelmer en Nanne Dusselaar fan ‘Gewoan Lekker’ sil foar lekkere broadsjes soargje.
Foar frijwilligers binne der twa broadsjes fergees te krijen.
Bist gjin frijwilliger? Dan bin dizze foar €10,- ek ôf te heljen.
Yn beide gefallen wol efkes opjaan fia dit formulier hjir op de webside.
Wy hoopje der mei elkoar wer in prachtige en gesellige dei fan te meitsjen!
Mei freonlike groet,
De SDS feestkommisje

Harsens derby (2382)
Hoppaté!
That’s how you punish a keeper mistake
(🎥 IG/ndawson98) #SundayLeague pic.twitter.com/RlxiW7raq8
— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) April 3, 2026


