SDS League: Wepmaster pakt wykpriis…..

Weppers tongersdei 3-12
2 december 2015
Seleksjes sneon 5-12
3 december 2015

It is dizze wike ien fan de wepmasters dy ’t mei “Hey Ho Let’s Go”de wykpriis pakt. Hy hat mar leafst 49 punten en bliuwt hjirmei sels “FC DWO’pke” fan Durk Okkema foar. It docht mar wer bliken dat der dit jier op ‘e nij fraude yn it spul is by de SDS League. Wa set no Lukas Andersen (WII) yn syn team? Andersen pakte mar leafst 16 punten ôfrûne wykein. Durk Okkema hat Barazite (UTR) yn syn team, mar dy hie “mar” 14 punten.

It is tige spannend krekt ûnder de nûmer ien. De Broersma ‘s geane namelijk wer in plakje omheech en steane no “Balletje, Balletje” op it 2e plak, mei eksakt likefolle punten.

“As Bote him efkes lilk makket dan slagget alles”.
Dat mei dúdlik wêze. Hy koe it net sette dat “Bote Strikwerda” fan Hendrik Engbrenghof de wykpriis pakte en in ein boppe “Strikkies United” stie en gie der fol foar. Dit docht fertúten, want nei in wykpriis 2 wiken werom stiet hy no al tegeare mei neefke Jort op it 7e plak en stiet Hendrik ynmiddels 13e.

Soe Dooitze Nauta mei “as ik der by bin winne SDS 1 en 2 altiten” no altiten ûnder Anne Brouwer (“JelmaFem”) stean bliuwe? Hy sil him dochs wol in kear foarby?

“Waridijk” fan Ralph en Rudy is hielendal it paad bjuster. Sy pakke mar 8 punten en steane stiif lêst. 


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.