Weppers tongersdei 3-11

Weppers woansdei 2-11
1 november 2011
SDS League: Torpedo Toering pakt wykpriis!
4 november 2011

Trainingsstop F-pupillen opheven!!!
De besetting is op woansdeitemiddei better en er wurd ek al drok yn e seal traint, fan dêr is de trainingsstop foar de F-pupillen per direkt opheven.
Sa’t it sich lit oansjen wurd er nei de winterstop troch de alderjongste spilers op freedtemiddei traint.
Wolle de âlden fan de bern die’t proefdraaie ynkoartens de bern officïeel opjaan via de site(foar de winterstop? De technyske kommisje kin de teamyndielingen dan kompleet meitsje.
Letter mear hjir oer.
Hans.


Ferslach
Soms soene je digitale postdowen ferflokke. Want yn it iene hûs oan Saad yn Wommels sit in skriuwer dy’t yn de ferûnderstelling is dat er in stikje ferstjoerd hat nei de wepmasters en yn it oare hûs oan Saad yn Wommels sit in ûngeduldige ploechgenoat alle oeren op de side te sjen at it stikje der al is.
In lyts drigementsje wol dan wol helpe en doe waard ek dúdlik dat der iets net oankommen wie.
Hjir kinne jim it ferslach fan Ternaard 3 – SDS 5 lêze, makke troch Lieuwe Meijer.

SDS 3 sneon frij
SDS 3 hoecht sneon net te fuotbaljen. Nei Heerenveense Boys 4 is no ek Makkum 3 út de kompetysje stapt. SDS 3 soe kommende sneon krekt tsjin de Makkumers moatte. Nije wike sneon is SDS 3 op ‘e nij frij. Dan moasten sy tsjin……….. Heerenveense Boys 4. Ien foardiel. SDS 3 is it earste SDS-team wat net mear degradere kin.

Sportvrienden,
Voor sds D3 zoek ik nog een scheidsrechter. De wedstrijd begint om 11:10.
Wie-o-wie wil er fluiten. Reacties graag naar 333134 of famvink@ziggo.nl
groetjes, Andre

Oprop
Goeie allegear,
Hjoed wienen de mannen fan Okkema alwer dwaande mei it twadde diel fan it parkearterrein A.
Dizze wike wurdt alles ree makke om sneon de klinkers der wêr yn te lizzen!
Ofrûne sneon ha ± 8 man yn ien dei it earste part wer bestraten!!
No sneon dus it twadde part.
We ha noch wol in oantal frijwilligers nedich, seker foar 5 novimber.
Dus meld jimme oan foar in moai en ek gesellich stikje frijwilligerswurk!
Dat kin by Tineke Meijer (0515-331190) en/as Klaas Pompstra (05115-331789).
Bedankt!
Groetnis,
Klaas Pompstra, foarsitter wurkgroep MFT

Scharnegoutum 3 – SDS 4
Justerjûn spile en einige yn……..

Scharnegoutum 1,2,A1 – SDS 4 6-2
Goals fan Bram S en Broer J.(p)
Read foar Doede S
klear…..
Igor

Fan herte lokwinske!
Mar leafst 3 SDS’ers binne hjoed jierdei. Gerwin Sybesma fan C1 is hjoed 13 jier wurden, Tjerk Ebbinge fan E4 9 jier en Pieter Wijnia fan F4 7 jier. Allegear fan herte lokwinske!

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League besjen. Wy binne benijd as Bauke syn punten dizze wike mear as minder as nul binne. Mei Vlaar(FEY en 6 goals tsjin) en Strootman(PSV en read) yn de basis sjogge wy it swerk al driuwen foar BWIDM…………..

Harsens derby (602)
Net alles yn Grikenlân is ferkeard. Sjoch mar ris nei 5.10:






Letter miskien mear!