Weppers tongersdei 3-1

Nijjiersweppers 2-1
2 januari 2013
Weppers freed 4-1
3 januari 2013

Dravers

De hurddravers fan sneon kinne harren no al opmeitsje foar de taktyk dy’t se folge sille. De organisaasje hat bekend makke dat der earst oer it knoffelpaad op de Alddyk draafd wurdt en dat dêrnei  Skrok bedwongen wurde moat. Al mei is it mar in kilometer as 7, maklik te dwaan foar elkenien sels foar trainer fan de B-seleksje,

Kuierders

De kuierders starte om 13.00 oere (net letter) en sil fia Skrok nei Wommels en kinne dêr fia in stikje Slachtedyk en de Nije Kromme werom nei Easterein. Der is ús taflústere dat stikjes ôfsnije tastien is.

Ferkearsregelaars
Foar it draven wurde noch twa ferkearsregelaars socht. Melde kin op
dit adres. of belje bij Enne Bruinsma.

Oefene foar OFK
SDS 1(fjild) en SDS 1(âld)seal hawwe justerjûn yn Easterein tsjinelkoar oefene foar it OFK fan nije wike. Beide ploegen wienen aardich oanelkoar weage en moasten it mei mar ien wiksels dwaan om ’t Erik Haitsma(SDS 1 fjild) wurkje moast, Robert Sybesma
(seal) siik wie en Feite de Haan(seal) al nei ien minút útfoel mei in ankelblessure. De wedstryd gie lyk op oan ’t 3-3, mar de âldsjes wûnen úteinlik mei 5-3.
De wedstryd stie ûnder lieding fan de foutloos fluitsjende Willem Overal.

Alde doaze
Klaas Pompstra fûn ek noch in foto fan âldjiersfuotbal. Sjoch
hjir

Kampioen
It is winterstop en wij sitte nei de ranglist te sjen. Wa wurdt kampioen? Feuenoord? Efkes
googelje

Rafael
Op twitter wie it juster in favoryt tema. Grappen en grollen oer Rafael van der Vaart. Sa as
dizze, wêrbij de titel fan it boek feroare is fan “50 tinten grijs” yn “50 tinten bont en blau”.

Harsens derby(925)
Allegear it bosk yn.

Roulette + double petit-pont pour Jirès Kembo ! door evidenceprod
………..