Nijjiersweppers 2-1

Koppie koppie 3
2 januari 2013
Weppers tongersdei 3-1
3 januari 2013

SDS – snertrin en nijjiersgearkomst
Sneon 5 jannewaris is der wer de tradisjoniele snertrin mei oanhingjend programma. It programma sjocht der sa út:
13.00:  Rinners fan start: In rûntsje fan in kilometer as 7 dat moat te dwaan wêze foar elkenien.

14.00: Dravers fan start: Elkenien kin/moat meidwaan, gean de útdaging oan mei ploechgenoaten en klupgenoaten.

Dêrnei: Snertite, in draaiend rêd, in praatsje en in (muzikale)ferrassing.

14.00 geane de dravers los

Oefenje foar OFK
Jûn sille de manlju fan SDS 1 dy ’t meidogge oan it Iepen Frsyk Kampioenskip sealfuotbal(OFK) yn Frjentsjer, oefenje tsjin de sealfuotballers fan SDS 1 dy ’t yn 2004 it OFK(doe noch Midwintercup) wûnen. De oefenwedstryd begjint om 21.30 yn de sporthal yn Easterein. Eltsenien is wolkom fansels. 

Seleksjes oefenje foar OFK
De seleksjes foar jûn sjogge der sa út:
SDS 1 fjild: Jaap, Feiko, Jacob Klaas, Kristian, Wytze, Skelte en Erik.
SDS 1 (âld)seal: Jan-Simon, Feite, Anne, Harm, Tjipke, Peter, Robert en Willem

OFK mei Tsjalling en De Vogels
Moarntejûn geane de earste foarrondes los fan it OFK yn Frjentsjer. Tafallich dogge der dizze earste jûn lyk al wat âld-SDS’ers mei. Yn poule 1 sitte namelijk VV Dronryp mei âld-SDS’er Tsjalling Sikma en De Vogels mei âld-SDS’ers Johannes Tichelman, Hjalmar Ruiter, Martin Rienstra, Andries Brinksma en miskien ek wol Timen Pelé Vermeulen. Wy tinke dat wy moarn al efkes yn Frjentsjer sjogge.

OFK(3)
Nije wike meie de ploegen fan SDS los op it OFK. De SDS-froulju meie moandei, SDS-seal woansdei en SDS 1-fjild nije wike tongersdei. Sjoch hjir foar it hiele programma.

A-HAK-sealtoernoai foar E- en F-pupillen
Hoi voetballers,
Bij deze alvast een gezond, sportief en gelukkig Nieuwjaar toegewenst.
Dit is voor degene die zich heeft opgegeven voor het nieuwjaarszaalvoetbaltoernooi van zaterdag aanstaande.
De F-pupillen starten om 09:00 uur precies en zijn om 13:15 klaar. Dit is best lang, neem dus wat te eten en te drinken mee (afval keurig in de prullenbakken doen).
Ben je een F-pupil die moeite heeft met wachten op de volgende wedstrijd en wordt je daar erg humeurig van, neem dan Heit, mem, pake of beppe mee zodat de toernooileiding zich met het toernooi bezig kan houden.
De E-pupillen starten om 13:45 uur en zijn tegen 16:30 klaar.
Voor vragen ben ik altijd bereikbaar.
Hans van der Schaar

Aldedoaze fan Klaas
Klaas Pompstra romme dit wykein syn archyf wwat op en hij kaam twa aardige foto’s tsjin. Jim kinne
de foto hjir ien sjen. Syn fraach wie ek: hoefolle fan dizze knapen fan it eardere E2 fuotbalje der no noch?

Dûk
Juster wiene de nijjiersdûken. Bij ien dêrfan dûkte in bekende fuotballer op, dy’t bekend stiet op syn fopdûken. Ek no besocht er it wer. Sjoch
hjir.

Harsens derby(924)
Dizze kameraman kin sa it fjild yn: