Weppers freed 4-1

Weppers tongersdei 3-1
3 januari 2013
SDS-sealtoernoai
4 januari 2013

SDS-sealtoernoai foar senioaren en A-junioaren
Op sneon 19 jannewaris fanôf 19.00 is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar A-junioaren, senioaren en sealfuotballers. Fansels mei der ek âld-SDS’ers meidwaan. Jim kinne jim hjir alfêst opjaan.

A.HAKsealtoernoai foar E- en F-pupillen
Moarn îs der wer it jierlijkse sealtoernoai foar E- en F-pupillen. De F-pupillen fuotbalje fan 9.00-13.15 en de E-pupillen fan 13.45-16.30. It soe moai wêze as der in soad minsken komme te sjen. It is wier de muoite wurdich.

Teamuitje SDS 1
Oer in wike sil de A-seleksje fan SDS derop út mei syn
allen. Hjirby in oprop oan de spilers/leden fan de staf dy’t
net mei gean/wolle dit sa snel mooglik te melden oan
Dirk-Yde, Skelte of Feiko!

OFK
Justerjûn mochten de âld-SDS’ers fan De Vogels en Tsjalling Sikma los op it OFK. Kommende moandei meie de SDS-froulju, mar ek âld-SDS’er Freek Tichelman los. Freek kin noch wolris in ein komme op it OFK, want hy makket diel út fan Drs. Vijfje 1. Yn 2008 en 2012 wûn Drs. Vijfje it OFK.

Traine
SDS 2 en 3 sille woansdei foar it earst wer op it fjild traine. Sy traine yn Snits op it keunstgers fan VV Wit-Zwart/Sneek om 20.30. Sjoch hjir foar it folledige winterstopprogramma.

VI-foarspelling
Wy binne benijd as der oan it ein fan dit seizoen in SDS’er dit goed foarspeld hat(klik
hjir). De nûmer ien is yn elts gefal in makkie…….

Harsens derby(926)
Wat begjint 2013 dochs goed. De brassband mei de oaljekoeken mei wjirmkes seit net by welke bakker sy it spul wei hawwe, AC Milan rint fan it fjild y.f.m. rasistyske útlittingen fanôf de tribune en dan dit ek noch:



Letter miskien wol mear!