Weppers tongersdei 29-3-2018

Weppers tiisdei 27-3
27 maart 2018
Weppers freed 30-3-2018
30 maart 2018

Selden sûnder punten werom út Warkum

Sûnt 1994 spilen Workum 1 en SDS 1  alve kear tsjin elkoar yn Warkum.  De reis nei Warkum levert hast altyd wol ien of mear punten op. Mar twa kear waard dêr yn de lijte fan de sporthal de Rolpeal ferlern. Sjoch hjir hoe’t it allegear krekt sit.

14.45

De wedstriid fan SDS 1 yn Warkum begjint sneon om 14.45 oere.

Lytse poppe

Ofrûne snein om 05:08 bin Hedwig en Gert-Jan Hessels de grutske âlders wurden fan Jurre Hindrik Hessels. Heit Gert-Jan lit ús witte dat Jurre Hindrik is tige bliid is mei syn SDS 4 romperke!


Hy stiet him ek perfekt!

Tuskenstanden

De tuskenstanden yn de kompetysje fan alle teams kinne jim hjir sjen.

Kantine

De kantine is jûn ek wer iepen! Auke-Jetze sil jim betsjinje fan efter de bar. It is mooglik dat de reade wyn op is nei SDS – Nijland fan ôfrûne sneon, mar foar de rest is der fan alles te krijen. Fan wetter oant bier en fan tosti’s oant frikandellen!

Belofte maakt schuld


Aan het begin van dit voetbalseizoen deed Bauke (leider van SDS MO15-1) een belofte aan zijn dochter Silke: “Als jij drie keer scoort in een wedstrijd, krijg je een nieuwe voetbal voor thuis.” En belofte maakt schuld…..

Afgelopen zaterdag speelden de meiden van SDS MO15-1 een uitwedstrijd tegen Leovardia MO15-2. De doelpunten kwamen snel en het waren er veel: Silke, Larissa, Nynke vd E, weer Silke, Nynke J, Renske en nog een keer Silke! Een 7-0 uit-overwinning met drie doelpunten van Silke, dus de nieuwe bal is er gekomen.

Magic Remco

Yn it doarpskrantsje fan Wommels koenen wy lêze dat Remco Abma fan JO17-2 in wiere gûchler is. It bewiis levere hy juster lyk. Middeis wie der noch wat heal, mar jûns stie dy wer as in helen op it trainingsfjild!

It komt krekt

In fuotbalfjild oanlizze dat komt krekt. It is betiden sentimeterwurk.  Dêr kaam in gersfjildlizzer  ek efter.  Sjoch hjir.

Staakt

DWP – Willemsoord waard sneon staakt om ’t DWP in skiedsrjochtersbal yn ien kear op goal skeat. Op him sels gjin probleem, mar omdat de keeper him rekke en de bal yn de goal gie waard de goal teld. Hie de keeper him net rekke dan hie der net teld namelijk.
It die ús tinken oan Ajax tsjin Cambuur foar de beker wêr as Ajax de bal netsjes werom spylje woe nei Cambuur nei in blessurebehanneling. Vertonghen skeat allinnich krekt te hurd en makke in goal. SC Cambuur mocht doe skore fan Ajax, al gie dat harren ek noch net sa makkelijk ôf…………….. (sjoch hjir)
By DWP – Willemsoord wienen der guon DWP’ers dy ’t Willemsoord net skore litte woe wêrtroch de wedstryd yn it hûnderd rûn en staakt wurde moast.

Stim op SDS!

Stim dizze wike ek wer op SDS! Mei de jeugdsponseraksje fan de Poiesz kin SDS net allinnich munten krije troch de munten dy ’t je by de Poiesz krije yn de Poiesz yn Skearnegoputum yn de SDS-koker te dwaan, mar ek troch op SDS te stimmen op de Poeisz-webside. Dat kinne jim hjir dwaan. Eltse wike op ‘e nij!

Harsens derby (2001)

Der binne trainers dy binne sa bepalend foar in team dat sy suver in soartefan 12e man binne. Lykas dizze……….