Weppers tongersdei 29-10

Jûn SDS-ledengearkomst
28 oktober 2015
"Hichtepunten" SDS-ledengearkomst
29 oktober 2015

SDS-ledengearkomst
Justerjûn wie de SDS-ledengearkomst. Letter hjoed hjir op de webside de hichtepunten.

Flagje
Jan-Bouke Bouma sil sneon flagje by SDS 1 tsjin Makkum.

Foarútsjen
Wij sjogge efkes foarút nei de wedstriid SDS1 – Makkum 1. En dat dogge wij oan de hân fan
dit moaie oersicht wêr’t sjen kinne wannear dizze beide ploegen foar it lêst tsjin elkoar fuotballen, wa’t er doe skoarden en hoe de seleksjes der no útsjogge.

Programmaboekje SDS 1 – Makkum 1
It programmaboekje foar SDS 1 – Makkum 1 is kommende sneon de muoite wurdich om efkes te keapjen. De wepmaster dy ’t it langst (;) hier hat docht it foarwurd!

Bartsjinst
Jûn hat Gerrit Flisijn bartsjinst yn de kantine. It wurdt yn elts gefal gesellich, want wy kinne moai sc Heerenveen-Helmond Sport efkes sjen en fansels de lotting. De muzykkompjoeter docht it ek wer!

SDS League
De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet moarn hjir op de webside.

(Hielendal net) alderaardichst
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby (1617)
Tikkie werom, Jaap!