"Hichtepunten" SDS-ledengearkomst

Weppers tongersdei 29-10
29 oktober 2015
SDS League: "Bote" oan kop!
29 oktober 2015

Justerjûn wie de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Hjirûnder de “hichtepunten”:

Hichtepunten ledengearkomst SDS:

– Auke Kroondijk stie juster foar de 25e kear efter de bar by in ledengearkomst fan SDS. Hy krige in moaie SDS-flesse Beerenburch.

– Der wienen in dikke 30 lju op de ledengearkomst.

– Willem Twijnstra joech wer in dúdlike útlis oer de jildsaken by SDS. Hy koe fertelle dat SDS dik swarte sifers skriuwe kin mei in winst fan €11.000,-.

– De kaskommisje Theo Postma en Friso Albada fûnen de boekhâlding fan Baukje de Jong en Willem Twijnstra der perfekt út sjen. Nei 2 jier kaskommisje moat Friso der út en mei der in nijen yn. Wa ’t belangstelling hat mei mailen ei
info@vv-sds.nl.

– Gjin kontribúsjeferleging dit jier, mar ek gjin kontribúsjeferheging! SDS hat it ôfrûne jier in soad fan de leden frege y.f.m. de aksjes foar it keunstgers. Derneist hat SDS aardich winst makke. Fansels is SDS bewust fan de hegere kosten dy ’t SDS krijt as SDS keunstgers hat, mar dat moat earst goed útsocht wurde. Ek sille  de kontribúsjes fan fergelykbere ferienings der neist lein wurde moatte.

– Gida Heerma-Kooistra hat (in bytsje) ôfskie nommen as skriuwster en hat in SDS-klompke krigen. De kommende tiid bliuwt sy noch efkes oan ’t der in ferfanger fûn is.

– Robert Schildkamp bliuwt noch in jier oan as foarsitter fan de jeugd en hoopt folgend jier in SDS-klompke te krijen. Der sil op syk gien wurde nei in ferfanger.

Durk Okkema hat ôfskie nommen as “Technysk Direkteur” en hat in moai SDS-klompke krigen.

– Pieter Kamstra is de nije “Technysk Direkteur” fan SDS.

– Syb Overal is al efkes dwaande as wedstrydsekretaris, mar is no offisjeel oannommen as opfolger fan Andre Vink.

– Marrie Eringa jout namens de Skoalleseize oan dat de ynkomsten fan de kantine noch altiten net meifalle en dat de Skoalleseize harren dêr wol wat soargen oer makket.

– Marrie jout ek oan dat Sjoukje van der Eems oansteld is as frijwilligerskoördinator fan de Skoalleseize en dat sy no de barfrijwilligers regelt.

– De wedstryd sc Heerenveen – MVV wie in grut súkses en hat sa ’n €10.000,- opsmiten.

– De keunstgersaksjes (lotterij en feiling) hawwe €30.000,- opbrocht. Tegeare mei de €30.000,- dy ’t SDS by leit is der al €60.000,- foar it keunstgers garandeard. Hjirmei leit alles op skema. Ynkoarten sil it bestjoer fan de Skoalleseize mei it SDS-bestjoer om tafel hoe ’t it fierder komme moat.

– Sneon 21 novimber sille der guon mei Antea in rûntsje lâns de keunstgersfjilden om te sjen wat geskikt liket foar SDS.

– De netten fan de goals efter de sporthal wurde wat minder neffens Boudewijn. Oetze sil hjir mei oan de slach.

– Klaas Overal is benijd wannear’t de A’s en de senioaren op it B-fjild fuotbalje meie. Oetze leit út dat dit per wykein besjoen wurdt. It fjild moat net stikken, want yn de winter kin it him hast net herstelle. Nei de winter wol.

– It idee is der om de ledengearkomst folgend jier ris hielendal oars te dwaan.

– Om 21.30 oere koe de ledengearkomst slúten wurde en koenen de Feyenoorders ien keapje op de winst fan Feyenoord en de Ajacieden ien op it ferlies…..


As der noch wat mist dan heare wy it graach!