Weppers tongersdei 28-8

Weppers woansdei 27-8
26 augustus 2008
Weppers freed 29-8
28 augustus 2008

SDS E1
SDS E1 is woansdeitejûn nei Nijlân west om foar te beker te fuotbaljen tsjin Nijland E1. Wij binne benijd nei de útslach.

SDS 3 ûnderút
wy ha juster mei 6-1 ferlern tsjin Oeverzwaluwen 2.
In utslach dy’t, oer de hiele wedstryd sjoen, wat oerdreauwn is.
Oan’t in heal oere foar it ein fan de wedstryd waard der hiel aardich balle, mar doe wie de tank leech.
De goal (0-1) is makke troch Gerrit.
In folsleiner ferslach folget, mar myn microsoft office pakket makket op dit stuit in reis nei de moanne
(en hopelik wer werom).
Groetnis, Sjoerd.


En de winner wie …..

Woansdeitejûn wiene de jonges fan E2 en E4 oan it trainen. Efkes oefenje op strafskoppen. 11 man tsjin dat iene E-tsje: Jorrit Hofstra fan Reahûs gie op de grutte goal stean en wist nei 4 ronden noch 3 man oer te hâlden: mei geweldige refleksen en mei liuwemoed hold hij de lêste trije derút. Der wie dus mar ien winner en dat wie Jorrit.

Latte sjitte
De opkomst bij de froulju wie prima juster. Mar leafst 21 froulju krigen training fan Tsjipke Okkema. Tsjipke is al hiel fier mei de traaptechnyk fan de froulju: sij mochten al in partijtsje latte sjitte: Margiet en Joutsen slaggen der yn de latte te reitsjen. Oh ja, Tsjipke joech earst sels efkes in demonstraasje hoe’t je it dwaan moatte. Hij rekke gjin latte mar wol in lantearnepeal, dy’t spontaan útgie.

In korner
De froulju fine it leuk dat er ek wat oer harren op de side stiet. It hjir ûndersteande stikje is dêr seker geskikt foar.
Je kinne it je hast net foar stelle mar ien fan de froulju mocht justerjûn in korner nimme. De bal gie der streekrjocht yn. Yn it eigen doel wol te ferstean.

Beker SDS 1
Kommende sneon hat SDS 1 de lêste bekerwedstryd. Sij moatte oantrede tsjin Blauw Wit 1 mei de nije trainer Jaap de Blaauw. Bij in gelykspul is Blauw Wit troch, bij in lytse oerwinning fan SDS is ONS troch en bij in hiele grutte oerwinning fan SDS is SDS troch. Al mei al in nijsgjirrich útgongspunt. Sjoch hjir foar
de stân.

Treffers
De Treffers yn Wommels wurde al hiel lang rûn brocht troch Chris Postma. Fanôf septimber krijt hij help fan Teun Boonstra. Beide sil dan in diel fan Wommels rûnbringe. Moai dat Chris en Teun dit stikje frijwilligers wurk dwaan wolle.

Grinsrjochter(s) socht!
Noch altiten hawwe de froulju fan SDS net in grinsrjochter. Sy wolle mar wat graach ien of twa(om en om) hawwe. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik
hjir).

Út Sweden
Mark Postma hat foarich jier in heal jier yn Sweden sitten. Hoe soe hy doe wer yn it fleantúch nei Nederlân stapt wêze? Koe hy sa goed Sweedsk dat hy himsels rêde koe mei it selstannich ynchecken of………….(klik
hjir)

Harsens derby(2)
Sa wurdt it fansels nea wat mei dat fuotbaljen yn Amerika……..