Weppers tongersdei 27-7

SDS 1 – FC Dordrecht op sneon 5 augustus
25 juli 2017
Weppers sneon 29-7
29 juli 2017

SDS 1 – FC Dordrecht

Sneon 5 augustus spilet SDS 1 tsjin FC Dordrecht. De wedstryd stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Niels Zeeman. Syn assistenten binne Arjan Overwijk en Johnny van Eyden.

SDS 1 – FC Dordrecht (2)

By FC Dordrecht hawwe sy tiisdei in fetmjitting hân. Dit koste lyk twa spilers harren plakje yn de seleksje. Sels de soan fan trainer Gérard de Nooijer wie te dik (sjoch hjir). Wy binne benijd wa ’t tiisdei by SDS 1 allegear te grau is. Foeke Reitsma syn fetpersentaasjemeter leit al triljen yn de kast. Sommige spilers wienen hjir al benaud foar en binne juster fertrokken nei Chersonisos. Benijd as sy net tefolle souflaki ite. Fansels hawwe sy de draafskuon mei!

SDS 1 – FC Dordrecht (3)

Fansels komme der ek skouts te sjen by SDS 1 – FC Dordrecht. Sa komt der sawisa in skout fan AZ.

SDS 1 – FC Dordrecht (4)

Nei de wedstryd SDS 1 – Fc Dordrecht sil Jan-Bauke efter de kompjoeter dûke en wat plaatsjes foar ús draaie.

Goal yn Hidaard

It mei dúdlik wêze dat SDS der net allinnich is foar de Eastereinders, mar ek foar de omlizzende doarpen. Sa steane der goals fan SDS op it skopfjild fan Wommels en hat SDS doarpsbelang Hidaard oan in net holpen foar de goal yn Hidaard.

Mark Postma

Mark Postma skriuwt op it heden alderaardichste ferhalen op Tweenul.nl. Sjoch hjir mar ris efkes!

Harsens derby (1907)

Wy wienen der al wat benaud foar, mar it liket der dochs echt op dat Ajax de ferkearde ferdediger ferkocht hat…………..