Weppers sneon 29-7

Weppers tongersdei 27-7
27 juli 2017
Weppers moandei 31-7
31 juli 2017

Traine JO17

It is fakansje tiid fansels, mar de jongens fan JO17 traine stadich oan troch. Sa ek wer justerjun. In oantal binne op fakansje, mar diegene die thus wiene en de echte leafhabbers wiene present. It wurde in partij fan 4 tsjin 4, dus net ien koe fersake. Team hesjes: Wiltsje, Eeltsje, Tjerk en Kevin. Team K/P mei Stan, Tjitse, Ferry en Theo. Je soene sizze, in makje foar Team hesjes. Mar sa wie it net. De routine joech miskien wol de trochslach en team K/P stie nei in oere baljen (inclusief drinkpauzes foar team K/P) dik foar. De twa winnende wie wol efkes spannend, uteinlik wurde dizze lytse partij wun troch Team hesjes. Dus wer in tige slage potsje fuotbal. Kuenstgers hoeche jo net te meanen, mar gewoan gers wol. Wol jammer at ferwiist wurd nei in oar fjild om te trainen, dat der it gers hast in meter heech stiet. Nye wike sels de gersmachine mar meinimme.
Theo

Efkes Balje

Der wiene freedtejûn in man as 12 en in frou as 2. It waard in jong tsjin âlspartij hawwe wij begrepen.  Sûnder tsjinberjocht geane wij der fan út dat âld wûn hat.

WK robot fuotbal

Yn Japan is it offisjieuse wrâldkampioenskip robotfuotbal. Dat stiet noch yn de berneskuon en it is foaral noch in kwesty fan falle en opstean. Sjoch hjir

PC earsten

Wij binne bliid mei de lette kwalifikaasje fan Jelte Pieter Dijkstra foar de PC. Binne der tenminste trije (âld) SDS-ers dy’t meidogge. Dat hawwe der wolris mear west. At de lotting west hat, kinne jim ús wer trochjaan hoefolle earsten dizze trije (neist Jelte Pieter dus ek Bauke Dijkstra en Jacob Klaas Haitsma) helje op de PC fan woansdei. Trochjaan kin op sds-nijs@home.nl of fia whats-app 0655117582. Dat moat foar 8 oere woansdeitemoarn.