SDS 1 – FC Dordrecht op sneon 5 augustus

Weppers tiisdei 25-7
25 juli 2017
Weppers tongersdei 27-7
27 juli 2017

De earste oefenwedstryd foar SDS 1 is like in drege. Sy spylje namelijk op sneon 5 augustus om 17.00 oere thús tsjin Eerste-divisionist FC Dordrecht.

De tagongspriis foar SDS 1 – FC Dordrecht is €3,-
Dit is ynklusyf programmaboekje mei kâns op 5 fleisprizen fan Murk’s Slagerij.
De tagongspriis jild foar elkenien, dus ek foar b.f. leden, freonen en stipers.
Lju oant 18 jier meie fergees nei de wedstryd.
De wedstryd begjint om 17.00 oere en de kassa is 16.00 oere iepen.

De wedstrydbal wurdt stipe troch de ere-foarsitter fan SDS; Enno Bruinsma.

Nei twa jier werom Sc Heerenveen – MVV en ferline jier SDS 1 – sc Heerenveen JO19 hawwe wy dus op ‘e nij in betelle fuotbalklup op de Skoalleseize. Hjir binne wy tige wiis mei!

Sa ’t it no liket kin SDS 1 op sneon 5 augustus oer de hiele A-seleksje beskikke. Net ien is op fakansje. Tiisdei 1 augustus sille sy foar it earst wer traine en sil trainer Marco Hoekstra sjen as elkenien wat fit de simmer trochkomt.

FC Dordrecht is ferline jier 19e wurden yn de Eerste Divisie en dat is harren min nei it sin. Sy wolle wol wer nei de Eredivisie en hawwe dêrom aardich wat nije spilers helle. U.o. Kino Delorge (jeugdynternasjonal België), Denis Mahmudov fan Telstar, de 2 Brazilianen Matheus Menezes Jacomo en Cicero en Erol Alkan (Turks jeugdynternasjonal) bliuwt by Dordrecht.
FC Dordrecht spilet op tongersdei 3 augustus in oefenwedstryd yn Rottevalle tsjin in regioseleksje.

FC Dordrecht is op 3 july alwer begûn te trainen: