Weppers freed 29-3-2019

Weppers tongersdei 28-3-2019
28 maart 2019
Sneon 30-3-2019
29 maart 2019

SDS 1

Nûmer 9 tsjin nûmer 3.  SDS 1 – Workum 1 om 14.30 yn Easterein. Dizze seleksje kin foar de wedstriid moai efkes op de foto:
Jaap, Bauke, JK, Marco, Gerwin, Wierd, Wiebe, Pieter, Lourens, Hendrik, Matthijs, Jorrit, Erik, Habtamu, Jelmer en Gertjan.

SDS 3

Nûmer 5 tsjin nûmer 7. SDS 3 – Sleat 2 om 14.30 oere yn Easterein. De seleksje: Harm D, Anco, Auke, Dirk-Yde, Gert-Jan, Harm. S, Jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Klaas, Pieter, Pieter-Lieuwe, Robert, Tjeerd en Wichard.

SDS Vr1

Nûmer 4 tsjin nûmer 6. SDS Vr1 –  Scharnegoutum ’70 Vr1  om 12.00 yn Easterein. Dizze seleksje wurdt om 11.00 oere yn de boks ferwachte:
Marjo, Gerry, Sieta, Richtsje, Janieke, Alissa, Seriette, Jeska, Femke, Kirsten, Marije, Jente-Mare en Dina Zwaagstra.

SDS VR2

Op freedtejûn yn aksje SDS Vr.2 yn in 7 tsjin 7 kompetysje. NOK Vr.2 binne de gastfrouen en op besite komme neist SDS Vr.2 , Oosterlittenms Vr.1, Bakhuizen Vr.1 en sc Bolsward VR.4.

SDS 2 en SDS 4

Sij kinne geniete fan in frij fuotbalwykein, geane oan de slach yn de tún, offfelje wat yn de stêd om of fiere wat sadat se de kommende 4 wiken der allegear wer binne at se wer fuotbalje moatte

Derbys

Ferskeidene teams fan SDS spylje hjoed in derby tsjin vv Scharnegoutum. Neist SDS Vr.1 om 12.00 oere spylje ek de JO12-1 om 9.00 oere en de JO13-1 om 10.20 oere tsjin vv Scharnegoutum. Wy binne benijd!

Ut de regio

Ek bij sc Bolsward sil der ûndersocht en beslist wurde op hokker dei it prestaasjeteam yn de takomst spyljen giet. Sjoch hjir.

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhuhuuhuhhh!!

Steffen Bruinsma fan SDS 4 is tongersdei heit wurden fan lytse Joas Johannes! Dat betsjut dat ús omropper Enne Jehannes Bruinsma pake wurden is en ús ere-foarsitter Enno Bruinsma oerpake. Allegear fan herte lokwinske!!

Foto fan Steffen Bruinsma

Kompliminten

Sawol yn it Boalserter Nijsblêd as yn de Grut Snits in bus fol kompliminten foar de Skoalleseize! En terjochte!!

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan sneon ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch sa ’n 5 tassen te krijen.
De tassen binne nûmere fan 58-69.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

Harsens derby (2120)

Ho!

 

Letter miskien mear!