Moarn kinne jim mear lêze oer hoe ’t SDS om giet mei de ‘Coronakrisis’ oangeande it fuotbaljen.
It is net de bedoeling om op it keunstgers te fuotbaljen no ’t alles ticht is. De goals wurde dan ek fuorthelle. Der kin fuotballe wurde efter de sporthal en op it skopfjild fan Wommels.
Dizze prachtige foto soenen wy hiel graach yn it grut op in wand yn de kantine hawwe wolle. Dêrfoar hawwe wy de orisjinele foto nochris nedich om him ekstra goed te scannen. Wa hat dy foar ús? Graach maile of belje mei Willem of Aant, willem@vv-sds.nl of aant@vv-sds.nl.
Wij hope dat de boerdbijhâlder yn Easterein wat efter is mei syn wurksumheden. Wij hope net dat hij in goeie foarútsjende blik hat en it ferfolch op 5 oktober ferwachtet
Moandei koene wij melde dat Okke van der Kamp takem jier net mear trainer is fan SDS 2. Hij giet werom nei it âlde nêst. Sint Annaparochie 2 is syn nije ploech.
Mooglik stiet der moarn in stik yn it Frysk Deiblêd oer ús klupblêd de Treffer. It Frysk Deiblêd is te krijen by Warenhuis Van der Velde yn Wommels.
Dizze keeper hat aardich de sliep út!
Yes keeper!! 💪
(🎥 INST/Maartinn23)#SundayLeague pic.twitter.com/tbPSZbZbyo— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) March 23, 2020