SDS en it Coronafirus

Weppers tongersdei 26-3-2020
26 maart 2020
De Treffer 50 jier!
27 maart 2020

Wêr ’t wy mienden dat de oerheid alles ôflast hie oant 1 juny ta, blykt it iets oars te wêzen.
Foar sportklups wurket it op dit momint sa:

Heechstwierskynlik makket premier Rutte tiisdei nije maatregels bekend. De KNVB sil dêrnei sa gau as mooglik ek mei in plan komme. Hoe ’t dit derút sjen komt is noch net bekend. De KNVB hat de yntinsje om foar de A-kategory(SDS 1) de kompetysje út foutbalje te litten. Dit sil dan foar 30 juny klear wêze moatte.

By SDS tinke wy alfêst nei oer hoe ’t wy inkelde saken oanfleane moatte.
Tink dêrby oan:

– Wat te dwaan as alles plat leit oant 1 juny of langer?
– Wat te dwaan mei de kontribúsje as der dit seizoen net mear balle wurdt?
– Wat te dwaan mei de SDS-auto?
– Wat te dwaan mei de datum fan ôfmelden(foar 1 maaie)?
– Wat te dwaan mei de wedstriidstipers wêr fan de wedstriid net troch gie?
– en sa noch folle mear!
Mochten jim fragen, opmerkings of oars wat hawwe mail it dan nei info@vv-sds.nl.

It sportpark is ticht en lykas oars mei der net op it keunstgers fuotballe wurde as der gjin wedstriden binne. De goals binne foarearst fuorthelle.

Om ús stipers te stypjen dizze tiid liket it ús goed om se in hert ûnder de rym te stekken troch by harren je guod te keapjen!

Al mei al is it wichtichst om mei syn allen sûn dizze tiid troch te kommen!

Ut namme fan it bestjoer fan SDS
Willem Wijnia
foarsitter SDS