Weppers moandei 23-3-2020

In wedstriid om nea te ferjitten
21 maart 2020
Weppers tongersdei 26-3-2020
26 maart 2020

KNVB

De KNVB hat de fuotbalklups in brief stjoerd mei ynformaasje oer in ferfolch fan de kompetysje. It soe moai wêze at er dit seizoen noch wat fan komt

Okke van der Kamp folgend seizoen gjin trainer mear fan SDS 2

Nei dit seizoen nimt SDS spitich genôch ôfskie fan trainer Okke van der Kamp. Foar folgend seizoen is SDS op syk nei in nije trainer foar SDS 2.

Tarina ek folgend jier lieder

Tarina Veenje fungeard as lieder by de froulju fan Vr.1. Sy regelt fan alles en stiet trainer/koach Akke-Rixt Zijsling by. Wy binne der wiis mei dat sy dy funksje ek folgend seizoen wer beklaaie wol!

sc Bolsward

De tiid begjint te dringen foar scBolsward. Sij wolle foar it seizoen 2020-2021 mei ien prestaasje alvetal de kompetysje yn. It adfys fan in kommisje leit er en no is it wurd oan de leden. Sjoch hjir.

vv Scharnegoutum ’70

VV Scharnegoutum bestiet  50 jier en dat soe fierd wurde op 4 april. Troch de koroanakrisis kin dat feest net troch gean.  Wij lokwinskje de klup út Skearnegoutum mei harren jubileum en hoopje dat se noch lang bestean bliuwe.

Midsimmercup

De Midsimmercup yn Dronryp op sneon 20 juny giet troch de koroanakrisis net troch. Hooplik folgend jier al wer in nije edysje wêr ’t SDS ek wer oan meidocht.

De nije Treffer

De nije Treffer leit by ús haadstiper Grafische Groep Van der Eems ûnder de drukpers. Mei in bytsje gelok leit der ein fan de wike by jim troch de bus.

Harsens derby (2221)

Toet toooooooooooooooooooooooooooooooooeet!!