Evenementen in december 2022

Weppers woansdei 25-11
24 november 2009
Weppers freed 27-11
26 november 2009

SDS 4, 5 en 6 traine net
It trainingsfjild foar de boksen is te wiet, dus 4e, 5e en 6e ha gjin trainen.
Klaas

SDS 2 traint wol
It 2e traint gewoan om 19.00 oere.
Klaas
Úteinlik gie dit ek net troch.


SDS D2 traint ek net
Ik haw krekt op ’t fjild west en dat stiet hast ûnder wetter, no traine is net ferstandich, alles giet oan stront.
Dêrom traint de D2 hjoed net, wij moatte al om 5 oere, fandêr.
At it no drûch bliuwt kinne de oaren misskien letter wol traine, mar it liket net goed.
Groeten, Boudewijn.

SDS D1 ek net

Ik bin ek op it trainingsfjild west en it is net ferantwurd om der jun op te trainen.
Dus ek de training fan D1 gjit net troch.
Remco

Draversskuon mei
De spilers fan it tredde moat ek de draversskuon mar even meinimme!!!!!!!!! 
Groeten Jan

SDS 1 seal ferrast
SDS 1 hat juster ferrassend mei 6-4 wûn fan koprinner ZZVV. SDS begie goed en krige lyk wat kânskes, mar ZZVV kaam binnen in minút al op foarsprong. De oanfallers fan ZZVV hienen oan in bytsje romte genôch en wienen oergryslik rap. De mannen fan SDS skrokken, mar krigen fertrouen doe ’t Freek al gau 1-1 makke en Tseard sels de 2-1. By de rêst wie it 3-2 en der waard ûndanks knappe oanfallen fan ZZVV en miskien noch wol knappere kounters fan SDS úteinlik mei 6-4 wûn. Feite (2x), Freek (2x), Tseard en Willem makken de doelpunten. Jan-Simon keepte op ‘e nij knap en Ruurd Boorsma debuteare fertsjinstlik.

SDS 2 seal wint doelpuntenfestijn
SDS 2 wûn juster fan Friesland 7. De doelpunten foelen as blêden yn de hjerst. It waard 11-8. It wedstrydferrin wie net te folgjen. 0-3 nei 4 minuten, 4-3 nei 10 minuten, 7-4 nei in kertier, 7-7 yn de twadde helte en sels 7-8 en úteinlik dochs noch 11-8 wûn.

Genoaten
Mei nammen Roel Sybesma hat juster genoaten by it sealfuotbaljen. Hy betsjinne it skoreboerd en mocht mar leafst 29 goals byskriuwe yn 2 wedstriden. 

Coachjassen
Bij de uitreiking van materialen aan de leiders in augustus jl. is medegedeeld dat er nieuwe coachjassen besteld zouden worden.
Deze zijn intussen ontvangen en staan ter beschikking van de leiders.
De maten zijn: L, M, XL en XXL.
Geïnteresseerden kunnen contact opnemen met W. Twijnstra via: E-mail:w.twijnstra@home.nl of telefonisch 0515-332570.

Yn Snits
De froulju fan SC Heerenveen spylje jûn om 19.00 op it fjild fan VV Wit-Zwart-Sneek tsjin AZ. In stik of wat SDS-froulju sille hjirhinne. Sy fertrekke om 18.15 út Easterein. Wa ’t ek noch mei wol kin kontakt opnimme mei André Vink(
famviea@hetnet.nl). Hy hat noch wat kaarten oer.

Brabant?
Net eltsenien hat like folle mei fuotbaljen fansels. Doe ’t der juster ien yn de sporthal sei dat SDS 1 sneon nei Bant moat, frege Titus: “Brabant”?

SDS League
Troch it minne waar is de nije stân fan de SDS League yn it wetter fallen. Fannacht om in oer as 3 stiet hy wol op de webside.

Nije sponser
Neffens nije berjochten hat AZ eindelijk in nije sponser fûn. Spitich genôch kinne sy dit sjurt noch mar ien kear brûke yn de Champions League:

AZ_sponsor


Harsens derby (87)
In ballenjonge hâldt Jens Lehmann foar de gek: