Weppers woansdei 25-11

Weppers tiisdei 24-11
24 november 2009
Weppers tongersdei 26-11
26 november 2009

Ledengearkomst
Jûn is der om 20.00 wer de jierlijkse gearkomst fan SDS-leden. Sjoch
hjir foar de útnoeging en aginda.

Leste wedstriden
Foar de E en F pupillen sit de earste helte fan de kompetysje der hast op. Kommende sneon binne de lêste wedstriden. Begjin maart begjint it dan op nij, mei in oare yndieling. Wij binne benijd at der ek “neijierskampioenen” te ferwachtsjen binne.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 spilet jûn thús tsjin ZZVV út Ruinen mei de folgende minsken: Jan-Simon, Feite, Tseard, Freek, Ruurd en Willem. Ruurd Boorsma makket jûn syn debút yn de seal. Hy spile inkelde jierren werom al in skoftke op it fjild by SDS.
Jaap(hamstring), Tsjipke(ankel) en Peter(ljisk) binne blesseard.

Giet net troch
Jun wederom gjin keeperstrainen.
Groetnis,
Marten


Allinnich rinskuon
Juster stie op de webside dat de leden fan de A-seleksje de rinskuon meinimme moasten nei de fuotbaltraining. Der hie fansels ek efkes by stean moaten dat sy de fuotbalskuon ek meinimme moasten. Hendrik en Freek hienen dy no mar thús litten. Sy hawwe blykber mear mei atletyk.

Net genoch spilers en dan….
It komt hast net foar bij mar at der te min spilers binne dat skriuwt de KNVB
dit foar.

Lifterij
Sa rûn de jierwikseling is der wer in liftwedstryd fanút de Jimbar. De start is dit jier op 28 desimber en it liket der op dat in rekord oantal dielnimmers âld en nij trochbringe sille yn Skotlân. Fansels dogge ús Sjoerten en wer mei.

Kramp

Wij hiene noch in foto dy’t lizzen bleaun wie. Zeerobben 4 – SDS 5. 85 ste minút. Kramp bij ien fan de spilers dy’t wij net mei namme neame sille. Broer Robert helpt. En Harm Auke giet der lekker bijsitten en sprekt bemoedigjende wurden of tinkt: “kramp, hoe soene je dat krije”?

Klem
Dizze keeper wie it wykein aardich klemfêst:


Letter miskien mear!