Evenementen in december 2022

Weppers tongersdei 26-11
26 november 2009
Seleksjes 28-11
26 november 2009

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim de seleksjes foar moarn wer besjen. Hast alle seniorenalvetallen moatte los en de froulju komt sneon ek wer net skjin thús.

SDS A1
De A’s fertrekke moarn om 11.30 om om 12.45 te fuotbaljen tsjin Workum.
Floris

Kaarte
It trainen wie juster lestich op it wiete fjild. Dochs is der folop striden. Klaverjasse is wer hielendal yn en mei de Nederpop fan Willem Twijnstra út de boksen wiene de kantinestuollen goed beset en bliuwen de barkrukken leech.

Moandeitejûn sealfuotbaljûn?
De sealfuotballers kinne net lang neigenietsje fan harren oerwinning op koprinner ZZVV. Moandei meie sy alwer fol oan de bak yn Vledder tsjin it altiten tige
stugge Old Forward. De wedstryd begjint om 21.00 en sy fertrekke om 19.45.

Gek op woarst

Swarte Pyt is sneon wer oankommen yn Easterein. En de woarstPyt woe efkes de hân drukke fan slachter Bouma. Henk Bootsma makke de foto.

Fuotbalplaatsjes (1)
Sander Hazewindus hie as earste it SDS-plaatsjesboek fol en krige dêrom ôfrûne moandei in moai fuotbalspul fan de Jumbo. Syn broer Niels hie as twadde it boek fol en krige in moaie elektryske autoped.

Sander en Niels mei harren prizen

Fuotbalplaatsjes(2)
Wa ’t syn fuotbalplaatsjesboek noch net fol hat moat mar efkes maile nei
info@vv-sds.nl welke plaatsjes hy noch moat. Miskien kinne wy helpe alle boeken fol te krijen. By de Jumbo wienen justermiddei noch inkelde pakjes te krijen.
Erik Haitsma sil syn boek ynmiddels wol fol hawwe. Tongersdeitejûn hat hy nei de training yn de kantine de hiele jûn op syk west nei syn favoriten.

Harsens derby (88)
Ek lju dy ’t oan strânfuotbal dogge sjogge yn harren frije tiid dochs noch tefolle tillevysje:

Letter fêst mear!