Weppers tongersdei 26-1

Weppers moandei 23-1-2017
23 januari 2017
Weppers freed 27-1-2017
27 januari 2017

Poiesz-jeugdsponseraksje

SDS docht dit jier wer mei oan de Poiesz-jeugdspaaraksje. Fanôf 6 febrewaris kinne jim wer munten sparje foar SDS by de Poiesz yn Skearnegoutum. Hâld dêrfoar goed de webside yn de gaten en fansels de Poiesz-folder foar oanbiedingen wêr ’t je ekstra unten foar krije.

SDS MO15-1 yn de beker

SDS MO15-1 is noch it ienige team fan SDS yn de beker. Juster is der lotten foar de folgende ronde. Sy meie op sneon 18 febrewaris út tsjin Wolvega MO15-1. Om harren goed ta te rieden sille sy kommende sneon traine fan 10.00 oere oant 11.30 oere op it keunstgers.

Skiedsrjochterskursus

Moarn start der by SDS in skiedsrjochterskursus. Je koenen je hjir foar opjaan. Net allinnich SDS’ers hawwe dit dien, mar ek lju fan bûten. Dizze kursus is normaal sprutsen op woansdeitejûn, mar is moarn foar ien kear op tongersdei. Foar SDS dogge mei Robert en Stijn Schildkamp, Ruben Fennema, Michiel Zuidema, Halbe Willem Overal, Arnout Meijer, Epke Boschma en Peter Hoogerwerf. Sy binne yn de kantine  oant 21.30 oere dwaande.

Sneon yn de seal

Sneon is der wer it tradisjoniele sealtoernooi foar A’s, senioren, Efkes Ballers, sealfuotballers en âld SDS-ers. Opjaan kin op dizze link. Der kinne noch wol wat fuotballers by!

Oefenje

SDS 2 en JO19 sille jûn tsjin elkoar oefenje. Sy dogge dit om 20.15 oere op it keunstgersfjild. De mannen fan SDS 2 wurde om 19.45 oere yn de boks ferwachte.

GrootSneek


Juster foel de altyd nijsgjirrige GrootSneek krante wer yn de bus, mei dizze kear in tuskenbalâns fan it amateurfuotbal yn de regio. In lyts stikje oer SDS mar wol in moaie foto mei SDS-ers der op.

Harsens derby (1824)

Toet, toeoeoeoeoeoeoeoeoeoeoeoeoeoeoeoeeeeeet!!