SDS 2 en SDS JO19-1 hawwe justerjûn oefene. De einstân wie 6-0 foar SDS 2. Bij it skoft wie it 5-0
De froulju fan SDS sille sneon om 12 oere oefenje tsjin Minnertsgea. De seleksje bestiet út de folgjende spylsters: Alize, Lysanne, Hester, Sieta, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Sanne Rixt, Agnes, Jeska, Christa.
Om 11. 0ere der wêze en flagger is Bertus Bootsma
Sneon begjint foar SDS 1 de kompetysje wer. Oudehaske komt op besite en de wedstriid begjint sa as altyd om 14.30 oere. De folgjende spilers meitsje diel út fan de seleksje en moatte der om 13.00 oere wêze:
Jaap, Bauke, Jacob, Marco, Elger, Remco, Wiebe, Pieter, Feite, Ewout, Teun, Erik, Lourens en Hendrik
No’t de kompetysje foar SDS 1 wer begjint is it goed om efkes nei de ranglist te sjen. Sjoch hjir. De earste wedstriid fan it seizoen wie tsjin Oudehaske en dy einige yn 1-1.
Kommende sneon binne Brouwers Schilders en Tanja Túnoannimmer de wedstriidsponsers.
Foutsje, tige by tige!