Weppers moandei 23-1-2017

Weppers sneon 21-1
21 januari 2017
Weppers tongersdei 26-1
25 januari 2017

Programma

Troch de wike gjin wedstriden, mar wol op sneon. SDS 1 giet dan wer los mei in thúswedstriid tsjin Oudehaske, Ek yn de seal binne der sneon wer meardere teams aktyf en der wurdt fansels wer oefene. Sjoch bij Wedstriden yn it menu foar it meast aktuele programma.

Sneon yn de seal

Sneon is der wer it tradisjoniele sealtoernooi foar A’s, senioren, Efkes Ballers en âld SDS-ers. Opjaan kin op dizze link.

Oefenje

SDS 2 en JO19 sille tongersdeitejûn tsjin elkoar oefenje. Sy dogge dit om 20.15 oere op it keunstgersfjild.

Sealtoernoai JO/MO15

De jongens en famkes fan de JO- en MO15 hienen sneon harren SDS-sealtoernoai. Mei tank oan de organisaasje fan Willem Overal en Lourens van der Pol waard it in grut súskes. ‘Mulier’ wûn it mei Stijn Schildkamp, Luka van der Weg, Wessel Wijnja, Steijn Groothof, Marrit Hiemstra en Sigrid van der Meer. Hjir de hiele einstân:
1. Mulier
2. Nijland
3 Bolsward
4. Makkum
5. Easterlittens
6. SDS (?!)

It giet oan

De feroaringen yn it jeugdfuotbal sa ’t de KNVB dit foar eagen hat gean troch. Willem van Hanegem kin him der wol yn fine. Sjoch hjir.

Brûksoanwizing ljochtmêsten

Henkie

KnuffelHenkie sit no yn Doetinchem bij de Superboeren. It giet noch net sa’t Henkie graach wol mei de Graafschap. It maklikst is dan fansels om te roppen om fersterkings. Mar der leit ek in oare oarsaak neffens in supporter fan de Graafschap. Sjoch dit artikel en lês wat RUUD40 der fan fynt.  Dêrmei wurdt alles ferklearre.

Easterein Rocks

Op snein 5 febreawaris is der alderaardichst initsjatyf fan Easterein Rocks. Sij organisearje in Live muzykkwis en dy wurdt holden yn Noflik. Muzyk stiet foarop mar geselligens is like wichtich, Jim kinne der hjir mear oer lêze.

Harsens derby (1823)

It fuotbaljen komt op de tillevysje. Hoe dan ek! 😉