Weppers tongersdei 25-9

Van der Eems tekent by!
23 september 2014
SDS League: Eeltsje pakt de kop!
24 september 2014

De SDS-League
Dit kear dogge der dochs noch sa ’n 56 lju mei oan de SDS-League. De SDS-League kommisje is hast klear mei de earste stân en komt jûn mei de útslach. Spannend!

Programma kommende sneon
Op it programma foar kommende sneon kinne jim sjen dat der wer aardich wat thúswedstriden binne. Dat betsjut ek dat der letter as 14.30 noch wedstriden begjinne moatte. Sa spilet SDS 2 om 15.00 thús tsjin DWP 2 en de froulju fan SDS VR2 om 15.50 tsjin Lions ’66 1.

SDS-klean keapje!
Sneon kinne jim wer prachtige SDS-klean keapje yn de kantine fan 9.30-11.30.
Trainingspakken, sweaters, tassen, fan alles is der te krijen.

SDS-sjaal
Hawwe jim al sa ’n nije SDS-sjaal. Hy kostet mar €12,-. Dy is sneon ek te krijen yn de kantine.

Is it net in plaatsje?

Derbys
SDS 1 spilet sneon de derby út tsjin Mulier 1 en hat nije wike lyk wer in derby. Dan spylje sy dé derby thús tsjin Nijland 1.

SDS D2
Superfrijwilliger Christiaan Plantinga hat hjoed in ATV-dei opnaam en kin hjoed SDS D2 net traine. De SDS-League kommisje sil it fan him oernimme.

Harsens derby(1340)
Dit is pas in schwalbe!