SDS League: Eeltsje pakt de kop!

Weppers tongersdei 25-9
23 september 2014
SDS-klean te keap!
25 september 2014

57 teams dogge der dit kear mei oan de SDS-League!
Dat falt de SDS-League-kommisje noch net iens tsjin.

Om ’t 90% nei 13 septimber syn team ynlevere hat of syn team feroare hat hawwe ôfrûne wykein as earste wykein teld. Foar de ien pakt dat wat better Ut(h) as foar de oare…….

Eeltsje Postma syn freondinne Marije de Vries docht dit kear net mei, dus Eeltsje moast in oare konkurrint sykje. Hy hat ien fûn, want sjoen syn teamnamme “Hertog Jan a.u.b. Gert-Jan Hessels” sil de striid om it heechste plak en dus in kratsje bier wol mei Gert-Jan striden wurde. Dit pakt de eearste wike goed út, want Eeltsje hat de earste wykpriis à €12,50 al binnen en dat moat genôch wêze foar ien kratsje Hertog Jan. 
Eeltsje bliuwt “moai sTom”(Wijnia) krekt trije puntsjes foar en it “Hiemteam” fan Gert-Jan Hiemstra 4 puntsjes.

Eeltsje mei syn spesjale SDS-League-ynfulbril!

As der ien boekelt de earste wike dan is it “FC Boekelaar” wol fan Klaas-Bouke Faber. Hy pakt mar 7 puntsjes. Dit is noch krekt ien minder as Ids de Boer mei “Id’s mei life”.
Lokkich genôch binne der wat “chickies” dy ’t Klaas-Bouke stypje nei dit minne begjin….



Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 1.